Wepperkes -woansdei-

Wepperkes -tiisdei-
30 oktober 2007
SDS League: Dream Theater pakt wykpriis!
31 oktober 2007

Futsal
SDS 1 spilet jûn wer thús. Sy spylje om 20.30 tsjin Avanti 2.
De prognoses op Futsal.nl binne dit kear ris yn it foardiel fan SDS(klik hjir).

Opfallend
Wichard Deinum wees ús op in ferslach fan de wedstryd fan ôfrûne sneon tusken SDS 1 en Waterpoort Boys 1. Wichard koe der wol om laitsje:
“Daarna volgde een vervelende periode van een tiental minuten. SDS probeerde de sneekers te provoceren met domme opmerkingen en vervelende tackles. Vroeger trapten de sneekers daar nog met open ogen in, maar gelukkig zijn de jongens volwassen geworden en bleven rustig. Dat deze zinloze actie van SDS niets opleverde was een compliment richting WPB. Wel kreeg SDS daar 3 gele kaarten voor en WPB niets dus dat zegt genoeg. De irritatie nam toe bij SDS……….”(klik
hjir foar it hiele ferslach).

Gevonden voorwerpen
Er zijn twee MP-3 spelers zijn gevonden nl. 1 op het trainingsveld en 1 in de kleedkamer, nr. 3. Af te halen bij Willem Twijnstra, De Ljits 1 te Easterein.
Met vr. groet, Willem Twijnstra

Ferskil
Okkerlêsten wie der in studint dy’t in stik skreaun hie oer de ferskillen tusken Cambuur en Heerenveen. Dat wiene allegear iepen doarren en it wie suver fermaaklik om te hearen.
Wij krigen fan in Cambuur supporter ek noch in ferskil troch: Cambuur hâldt meast foar de nul en Heerenveen efter.

DWP út Sneek?
Foar 2 wiken werom moast SDS 2 út nei DWP. Bote Strikwerda siet by de seleksje en stapte by ien yn de auto. Hy rekkene net op in lange reis. Doe ’t sy Snits foarby wienen, begie Bote wat nuver om him hinne te sjen. Sy moasten dochs tsjin D(e) W(aterpoort)P(oys) út Snits???

SDS League(1)
Jûn hjir de nijste stân.

SDS League(2)
Yn it seizoen 2006-2007 brocht de SDS League SDS €1115,- op. Dit foel ús net ôf.

Nije Treffer
As alles meisit dan falt de Treffer dit wykein of begjin folgende wike by jim op de doarmatte. Hjiryn kinne jim alles lêze oer b.f. de jierfergadering.



Letter mear!