Evenementen in december 2022

Wepperkes -moandei-
1 oktober 2007
SDS League: 3 wykpriiswinners!
2 oktober 2007

Futsal: SDS 1 krekt ûnderút
SDS 1 hat justerjûn mei 4-2 ferlern yn Burgum fan De Herauten. SDS wie neat minder en hie foar itselde jild winne kinnen. Sy kamen sels 2 kear foar te stean(1-0 Harm en 2-1 Skelte), mar De Herauten kamen hieltiten werom. It wie mei nammen de keeper fan de Herauten dy ’t SDS dwers siet. Hy pakte alles. Ek no seagen je dat dan meastentiids de goal oan de oare kant falt. 5 minuten foar tiid waard it 3-2 foar de Burgumers en yn it slotoffensief fan SDS makken sy der 4-2 fan.
Folgende wike woansdei spilet SDS 1 thús tsjin koprinner FFS.

Futsal: SDS 3
SDS 3 spilet moarntejûn om 20.00 thús tsjin RES 5. SDS 3 sil probearje de rol fan koprinner wier te meitsjen. De muoite wurdich om efkes te sjen.

Foto’s
Foarige wike sneon binne der hiel wat foto’s sjitten op de Skoalleseize fan ferskeidene fuotballers fan SDS. Wy binne drok dwaande om se op de webside te setten. Hooplik steane se der ein fan ‘e wike allegear op.

Fyts kwyt?

Foarige wike út it pokertournooi ha ik Jeroen Brouwer syn fyts mei nommen.
In pear dagen letter blykt dat dit net Jeroen syn fiets is.
Mis jo jo fiets,melde by my graach. gerardvanasselt@hotmail.com
Omskriuwing :
– herenfiets
– stjoer
– tsjillen (werfan oan de foarkant yts aparts utstekt )
– sadul
– rem
– pakjedrager
Ik skat de straatwaarde op sa’n 8,75 euro.
GvA

Foto’s en útnoeging
Sa at jim wol witte ha’k snein in (tent)feest han by ús thús. Der steane ynmiddels al wat foto’s en video’s op myn waarbenjij-site.  
Groetnis Dirk-Yde

SDS League
As ik fannemiddei fan bêd kom, dan set ik lyk de nijste stân fan de SDS League op de side.

Ferwizings
Wy binne drok dwaande om de webside wer wat op te kreasjen. Der komme wer wat nije foto’s op en ek rinne wy b.f. de ferwizings(“de links”) efkes del. Witte jim noch in leuke webside, mail it dan nei
info@vv-sds.nl

Letter mear!