SDS League: 3 wykpriiswinners!

Wepperkes -tiisdei-
2 oktober 2007
Wepperkes -woansdei-
2 oktober 2007

Yn wike 3 pakke mar leafst 3 teams de wykpriis. Sy meie mei syn trijen de €12,- ferdiele. “Alles Anders”(Arnold Hoekstra), de “Hylkieten”(Jildert Hylkema) en “058-eeh”(Skelte Anema) binne de gelokkigen.

As yn in dream pakt S.T. Wijnia út Easterein mei syn “Eastender Nightamares” gewoan de kopposysje wer.

Foarich seizoen waarden de “Jelsmanian Devils” fan Jan-Simon Jelsma 1e yn de earste kompetysjehelte fan de SDS League. Sy binne no ek wer aardich op wei. Sy stijge fan 20 nei 10.

It is dizze wike dúdlik net de wike fan “Peppi en Kokki”(Tom en Pieter Wijnia). Earst gie Peppi(Tom) fan ‘e wike oer de kop mei de fyts, dêrnei ûnderút op skoalle en no ek noch “toet toet boing boing” mei gang nei ûnderen yn de SDS League. Sy sakken fan nûmer 1 nei it 14e plak.

Der binne noch mear stevige dalers:
-Jan Stenekes giet “Snel, Save en Simpel” fan 26 nei 58.
-Paul Reitsma moast efkes “Trochsette” mar gie fan 15 nei 41.
-Habtamu de Hoop stiet bekend om syn “Happy Feet”, mar sakket al fan 17 nei 48.

“P. van P.” is wer aardich op wei nei syn fertroude stekje. Mei 12 punten yn de ôfrûne wike komt hy op it ien nei lêste plak. RTMN fan René Zijlstra stiet ien puntsje ûnder him.

Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 3.