Wepperkes -moandei-

Wepperkes -snein-
29 september 2007
Wepperkes -tiisdei-
2 oktober 2007

Ôflast
SDS 4 hat sneon net fuotballe. In oere foar ’t sy los soenen waard de wedstryd ôflast. Ek SDS 4 hat noch altiten net in wedstryd ferlern.
(Mei tank oan Rinse Joustra)

Ek ôflast!
De A’s binne lyk as it 4e in oere foar de wedstriid ôflast en hawwe dus net voetbalt sneon.
vr.gr. Feiko

Futsal
SDS 1 mei jûn alwer los. Sy spylje jûn om 20.00 yn Burgum tsjin De Herauten. De Herauten spilen foarich seizoen noch yn de earste divysje.

Konsept
SDS 2 ferlear sneon by Genemuiden mei 2-0. Mei namme de skiedsrjochter wie hjir neffens ûnbetroubere bronnen de oarsaak fan. It lei him yn elts gefal net oan it fuotbal-konsept fan SDS 2….(klik
hjir).

Fan herte lokwinske!
Spiler fan SDS 3 en lid fan de Trefferredaksje, Sjoerd van Beem is hjoed jierdei! Hy is alwer 27 jier wurden. Fan herte lokwinske! Klik hjir om him persoanlik te felisiteren.

SDS League
Moarn kinne jim hjir de nije stân fan de SDS League fine.