Wepperkes -tiisdei-

Wepperkes -moandei-
11 november 2007
SDS League: Koprinner rint út!
13 november 2007

It het noait wat weest
…..en it sal noait wat wurde. Fansels witte jim wol wêr’t wij it oer ha. Wij hiene hoop dat wij dit seizoen wat mear positive oandacht jaan koene oan in klup út Ljouwert. Gelokkich hawwe wij de muzyk noch. En bluesmuzyk stiet ús wol oan. Harkje nei
Piter Wilkens. At wij de Ljouwerter Krante fan moandei goed lêze dan wie it mei SDS neffens in Cambuur supporter sneon abominabel. En dy is oars ek wol wat wend…..

In bûnte jûn
Bij SDS 5 binne se al wer dwaande “om de winter goed troch te kommen”. Sneontejûn tidens de neisit wiene der grutte plannen dy’t mooglik bij it wekker wurden net mear goed op it netflies steane. Lokkich hawwe wij der wat fan heard en bringe se noch graach efkes yn de herinnering. SDS 5 wol de winter troch komme mei in bûntejûn en net te min bier. Wij binne benijd.

Jan en Sjoerd sille wer lifte
Op 1 jannewaris 2008 giet de liftploech fan Wommels wer op stap foar in liftavontoer. Wij binne bliid dat ús twa geroutineerde SDS-ers wer mei geane: Jan en Sjoerd. It doel fan de reis is
Hanusovice. Soks leit yn Tsjechie.

Topskoorderslist
Wy hawwe fannacht de topskoorderslist foar de futsallers fan SDS 1 mar ris bywurke. Opfallend is dat ferdediger Feite da Haan oan ’t no ta topskoorder is mei 12 doelpunten. Klik hjir foar de hiele list.

SDS League
Fannemiddei hjir de nije stân fan de SDS League.

Schwalbe!
Luis Suarez en Michael Mols kinne der wat fan, mar dizze mei der ek wêze(klik
hjir).

Afro
Ronaldo lit op it heden syn hier groeie(wa net?). Hy wol graach itselde kapsel as syn grutte held en foarmalich Braziliaans fuotballer, Junior. Neffens ús probearet hy itselde kapsel te krijen as ús eigen Jan Stenekes……..(klik hjir).