Wepperkes -moandei-

Wepperkes -snein-
10 november 2007
Wepperkes -tiisdei-
12 november 2007

Foel mei
Sneon foel Jelmer Posthumus út by SDS 1. Hy botste mei syn holle tsjin in holle fan ien fan ’t Fean ’58. Mei in bult bloed en in stik ferbân om de holle waard Jelmer ôffiert. Hy gie nei it sikehûs fan Snits wêr ’t syn harsenspanne wer oanelkoar plakt waard. Om 16.45 siet Jelmer alwer yn de kantine en foel it lokkich genôch wat mei.

In moai wykein
Gearard Posthumus en Pieter Lieuwe van der Valk hawwe in prachtich wykein hân. Sneon mei SDS 4 trije prachtige punten. Boppedat skoarde Gearard de winnende en skoorde PvP net yn eigen doel.
Sneintemoarn setten se mei de trein ôf nei Arnhem om sc Heerenveen te stypjen yn de striid tsjin Vitesse. Sneintejûn om 21.00 oer wiene se werom en krigen wij dit mailtsje:
In helft sûnder Alves en dan noch winne ek. Wat Feyenoord, Ajax, AZ en PSV net lukte, slagge ús wol!!! 3 punten, fantastische wedstrijd en it bier gong der ek wol yn!
 
Groeten, PvP en Gearard

Boppe-oan?
Woansdeitejûn spylje de futsallers fan SDS 1 thús tsjin Workum 1. It is tige spannend yn de Haadklasse. SDS stiet op dit momint 8e, mar as sy woansdei winne dan kinne sy mei koprinner wurde…….(sjoch
hjir).

SDS League
As alles meisit dan kinne jim hjir moarn de nije stân fan de SDS League fine.

SIRE
Sire is begien mei in nije kampanje wat dy ’t slaat op jeugdige sporters en mei nammen harren âlders. Neffens de stifting wurdt de jeugd fan tsjintwurdich wolris wat te bot opjutten tidens it sporten. It giet allinnich mar om presteren en it hawwen fan nocht en wille wurdt út it each ferlern. Wy hoopje dat de kampanje wat oanslaat(klik hjir). 

Grappich!
Wy fûnen him wol grappich(klik
hjir).

Hawwe jim nijs, kommintaar, opmerkings, oanmerkings, iets wat jim fan it hert moat, iets aardichs, mail it nei dizze adressen.

Miskien letter mear!