SDS League: Koprinner rint út!

Wepperkes -tiisdei-
12 november 2007
Oflast – ôflast
13 november 2007

De “Eastender Nightmares” fan Sybren Wijnia lykje sûnder problemen de kopposysje te behâlden oan ’t de winterstop. Dizze wike pakke sy sels ek noch de wykpriis mei 36 punten. Toppers yn syn seleksje wienen fan ‘e wike: Zuiverloon(HEE) en Olsson(NEC) beide mei 7 punten en Lamah(ROD) mei 9 punten.

De koach fan “No Alves, no Glory” , Frouke Bleeker, moast dit wykein al efkes slikke. Dizze koach makke ús der op attint dat hy al wiken itselde oantal punten pakt as “Goudhaantje” fan Feite de Haan. Wy gienen op ûndersyk út en der blike iets net te kloppen. Frouke krige al wiken wat tefolle punten troch “in foutsje fan de komputer”. Wy hawwe syn punten op ‘e nij mei de hân berekkene en no sakket hy fan 8 nei 17. Om dizze routinier fan vv Tsjom 2 dochs wat te mjitte te kommen woenen wy him mar in SDS-handdoek oanbiede.

Der komt wat slyt op de “Vedettes R.I.P.” fan Ate Feike de Boer. Sy sakje fan ‘e wike fan 6 nei 13 mei mar 9 punten.

“Fonzybob” fan Sjoerd Rispens docht it foar syn dwaan hielendal net sa gek yn de SDS League. Dizze wike stijgt hy fan 47 nei 34. Om noch heger te kommen kriget hy fan ‘e wike plots steun út ûnferwachte hoeke….



De koach fan “In Control”, Hendrik Engbrenghof, liket syn spilers net mear ûnder controle te hawwen. Earder pakte hy noch in wykpriis, mar no sakket hy mei mar 3 punten fan 20 nei 39. Hy hat hjirfoar al in ferklaring:
“Na de euforische start(weekwinnaar) van het team “In Control” sloeg de paniek toe in het kamp. Het volgende  vraagstuk verscheen aan de horizon : Hoe moeten wij nou al dit talent in goede banen leiden? De factor “Control” werd, nadat het in eerste instantie gewoon een naam was, een speerpunt. Spelers werden gewieberd, procescontrolers werden er aangenomen. De balans was zoek, debet overheerste credit en er werd niks meer gepresteerd.  
Twee weken geleden werd er teruggegrepen naar de basis van “In Control” namelijk Rust. De afgelopen week heeft dit echter geresulteerd in 3 karige punten.
Het voorafgaande in overwegende genomen kan er geconcludeerd worden dat er een wezelijk verschil bestaat tussen “Letterlijke Rust” en “Figuurlijke Rust”.Dit knelpunt staat als agendapunt genoteerd voor het volgende 2-daagse teamoverleg.”

Stiif lêste; P.van P. Hjir litte wy it by……..

Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 8.