SDS League: Nije koprinner!

Wepperkes -moandei-
1 oktober 2006
Wepperkes -tiisdei-
3 oktober 2006

It is Pieter Kamstra dy ’t dizze wike de kopposysje oernimt fan Feiko Broersma mei “We komme der oan”.

It ûntbrekt de Trefferredaksje dúdlik net oan fuotbalferstân. De Trefferredaksjeleden Sjoerd van Beem(mei The Bundy Squad) en Willem Wijnia(mei Hey Ho Let’s Go) pakke dizze wike mei beide 40 punten de wykpriis. Opfallend is dat sy lykas Pieter Kamstra ek noch in seizoenkaart hawwe fan SC Heerenveen en alle 3 dêr op Nieuw-Noord steane. Meie wy hjir konkluusjes út lûke?

Tsjalling Sikma wie sneon wat ûngelokkich mei syn ankelblessure. Mei syn “FC Dronryp” hat hy wat mear gelok. Mei 34 punten giet hy fan 13 nei 6.

De “AAS” fan Merco Hoekstra hawwe de gang nei ûnder aardich te pakken. Nei de earste wike op it 1e plak en nei foarige wike op plak 6, sakket hy no nei 36. Hooplik docht hy it mei de A’s wat better.

De gebroeders De Boer binne de ferliezers fan de wike. FC Grasmat pakt dizze wike 4 punten en Super Solo de Boer 5 punten. Sy bliuwe nûmer lêst Team Kooistra no noch mar krekt foar.

Sjoch hjir foar de nije stân:
wike 3.