Wepperkes -tiisdei-

Wepperkes -snein-
11 juni 2006
Wk-wepperkes
12 juni 2006

SDS sneuvelt yn 1/8 finale
SDS waard wol groepswinner. Se spylje ien kear gelyk tsjin Littens mar de oare partijen winne se. Tegearre mei Wikels Hallum geane se oer nei de achtste finale.

De lotting levere FCL op. SDS kaam troch Feite op 1-0, mar trochdat Peter blesseard útfalt, binne de mannen der net net mear goed bij. It wurdt 1-2 en dêrnei kriget SDS noch safolle kansen dat je oan twa hannen te min hawwe op dy te tellen. It bliuwt 1-2 en de toarst koen lest wurde op dizze hite dei. Sneek mei Age Hains Boersma wûn.

Net op de fyts mar mei de boat
It fytspaad tusken Easterein en Wommels (en dan foaral yn dy rjochting) levert noch wolris wat problemen op foar fytsers dy’t om ûnbegryplike redenen it stjoer net goed yn bedwang hawwe. At je dan op sa’n moaie sneintemiddei it fuotbaljen sjoen hawwe yn kafe Bergsma, wêr’t it waarm, toarstich en sfearfol wie, dan is it fansels in útkomst dat der in boat klear leit, dy’t hiel tafallich nei Wommels giet. Dan rinne je yn alle gefallen net it risiko om yn deberm of feart te fytsen.
Je kinne heechstens tsjin de berm oan farre.
It is fansels wol hiel ferfelend dat krekt dizze boat bij Skrok út de bocht fjocht op de rotsen fart en dat je dêrtroch net in lyts bytsje wiet wurde, mar hielendal in wiet pak hawwe. Wij tinke dat Daan en Lolke tenei wer fytse. Nei horlaozjes, mobyltsjes, beurzen, kaaien en rydbewizen wurdt no noch sa socht. 

Jierdei
Je soene it suver ferjitte de jierdeis fan SDS-ers. Dêrom mar wer efkes in melding: Hendrik de Jong is moandei 24 jier wurden.

E2 gemien kampioen wurden?
Witte jim it noch? E2 is in skofke lyn kampioen wurden. Yn Snits. It ferhaal yn de Snitser klupblêd is net echt fol lof oer alles wat SDS hiet. Sjocht hjir.

At jim noch nijs hawwe, dan kin dat maild wurde nei sds-nijs@planet.nl