Wepperkes -tiisdei-

Wepperkes -moandei-
23 april 2006
Wepperkes -woansdei-
25 april 2006

Programma
Fannejûn wurde der yn Easterein 2 wedstriden fuotballe. SDS 2 spilet thús tsjin Genemuiden 3 en SDS 3 spilet tsjin Leeuwarder Zwaluwen 4. Beide wedstriden begjinne om 19.00. De muoite wurdich dus om efkes op de Skoalleseize te sjen.

Transfer?
Hendrik de Jong stiet oan ’t ein fan elts seizoen wol yn de belangstelling fan oare klups. No soe der in Ljouwerter klup wêze dy ’t him der graach by hawwe wol. Hendrik moat dizze wike útslútsel jaan. Wy binne benijd.

Fersetten
De wedstriid fan C1 tsjin Nijlân fan woansdei 26 april 2006 is fersetten nei woansdei 10 maaie 2006, 19.00 oere.

Grut skerm mei petten en sjurtsjes

Der is mei it WK in grut skerm by kafé Bergsma en der wurdt in tribune by boud. Om der wat sfeer yn te bringen wurde der shirtsjes en petten ferkocht. De petten binne €2,50 en de shirtsjes €12,50. Fan die €12,50 giet dan wer €2,50 nei SDS.
De ferkeap fan dit spul begjint by de lêste thúswedstryd fan it SDS 1 yn de kantine. Dêrnei fansels yn it kafé.
De entree is fergees mar in goed oranje humeur is wol in fereiste.
Sjoch ek op cafebergsma.nl!

Mei de frou mei?
Mochten je mei it WK nei it kafé gean dan mei de frou efentueel wol mei. Sy moat dan al in bewiis mei hawwe dat sy foar dizze kursus slagge is(klik hjir).

Swarte List
De list wurdt lytser mar it giet net hurd. Sa sjocht hy der no út:

M   BROUWER WOMMELS
L.J. VD BRUG HENNAARD
Y.   BURGGRAAFF LOLLUM
R VAN DIJK LEEUWARDEN
J.   DOTINGA WOMMELS
F.E.   DUIPMANS EASTEREIN
A.   HOEKSTRA WOMMELS
TJ   HOEKSTRA EASTEREIN
H DE JONG WOMMELS
J.   JORRITSMA ITENS
D   KOOL KUBAARD
K.   MALDA WOMMELS
S.   NAUTA ITENS
S.   RISPENS WOMMELS
J.   STENEKES WOMMELS
G.O.   VELDSTRA WOMMELS
T.   VERMEULEN KUBAARD
P. DE BOER WOMMELS
R DE BOER WOMMELS
E H   COUPERUS EASTEREIN
C   GAASTRA EDENS
R DE KROON HIDAARD
M   POSTMA RIEN
W J   POSTMA WOMMELS
G.   RIENSTRA WOMMELS
W.H. VD SCHAAR WOMMELS
A.C.   STRUBBE WOMMELS
G   TESSEMAKER EDENS
S   TESSEMAKER EDENS
A S   TURKSMA WOMMELS
E.G.   TURKSMA WOMMELS
Y S VD VELDE WAAXENS 

Swarte list(2)
Fan inkelde spilers dy ’t op de swarte list steane hawwe wy sels efentueel ek noch wol in moaie pasfoto lizzen:
  
  
  


Letter mear!