Wepperkes -woansdei-

Wepperkes -tiisdei-
24 april 2006
Loftfoto’s Skoalleseize
27 april 2006

SDS 2 – Genemuiden 3
Der wie in protte folk oan de kant. Dat stimulearde de ploech fan Klaas Okkema, want it waard in boeiende pot mei betiden goed fuotbal en moaie doelpunten.
SDS kaam mei 2-0 foar troch doelpunten fan Hendrik en Mark. Noch foar it skoft kamen de Genemuidenaren op 2-2 , mei troch in strafskop.
Nei de thee bleau it boeiend en de 3-2 fan Hendrik wie it startsein om der noch ris trije yn te wippen. Earst Hendrik, doe Bote en dêrnei Jos. Trije tige nuttige punten.

SDS 3 – Leeuwarder Zwaluwen 4    1-2
It like betiden wol strân fuotbal op it B-fjild. De twa afrikanen fan de gasten út Ljouwert wiene dizze woestynomstannichheden wol wend en miskien joech dat de trochslach wol. Wij krije fêst in ferslach. Doelpuntenmakker Albert Jan Joustra.

Ien wedstryd
Jûn is der om 19.00 ien wedstryd yn Easterein. SDS B1 spilet dan tsjin Balk B1. De muoite wurdich om jûn efkes op ‘e Skoalleseize te sjen.

Futsal
SDS 2 spilet jûn yn en tsjin Genemuiden. SDS 2 moat winne om kans te hâlden op it kampioenskip.

Bolswardia krijt earste klasser op besite
Kommende tongersdeitejûn wurdt er spesjaal foar de fans fan SDS út Boalsert in oefenwedstryd spile tsjin Bolswardia. Tjeerd Idsinga, Arno Eisma, Folkert Rients Vellinga, Peter Kusters en de famylje Boorsma kinne gewoan op de fyts om SDS te sjen. Of hawwe wij noch mear fans yn Boalsert???

SDS 4 op stap
Ype T en Sipke H binne drok dwaande in slotjûntsje te organisearen foar SDS 4. De datum is bekind: freed 12 maaie.It programma wurdt noch bekind makke.

Let op bêd
De mannen fan SDS F5 meie jûn wat langer opbliuwe. Sy fuotbalje jûn út tsjin IJVC F5. Gjin Sesamstraat fannejûn dus.

Topskoorderslist
Hendrik de Jong hie juster goeie saken dwaan kinnen mei syn 3 goals foar SDS 2. Oare klups hâlde de topskoorderslist fan SDS ek bot yn ‘e gaten en Hendrik kin der wol 3 by brûke. Jammer genôch stiet hy op de swarte list en telle de doelpunten dus net mei. Dy Ljouwerter klup sil fêst nei in oare spits op syk gean.

Traine SDS 4 en SDS 5
Tongersdeitejûn is der gewoan trainen foar SDS 4 en 5. It soe earst net trochgean, omdat SDS 4 fuotbalje moast, mar dat giet net troch. Dus feteranen fan 4 en jonkjes fan 5 komme!!!

Swarte list

Eddy de Boer laket hjir noch wol, mar hij kin wol janke. “Dat it salang duorje moat om in formulier en in foto yn te leverjen.” Dochs is de list wer wat lytser wurden: Noch 28 te gean.

M   BROUWER WOMMELS
L.J. VD BRUG HENNAARD
Y.   BURGGRAAFF LOLLUM
R VAN DIJK LEEUWARDEN
J.   DOTINGA WOMMELS
F.E.   DUIPMANS EASTEREIN
A.   HOEKSTRA WOMMELS
TJ   HOEKSTRA EASTEREIN
H DE JONG WOMMELS
J.   JORRITSMA ITENS
D   KOOL KUBAARD
K.   MALDA WOMMELS
S.   NAUTA ITENS
S.   RISPENS WOMMELS
J.   STENEKES WOMMELS
T.   VERMEULEN KUBAARD
E H   COUPERUS EASTEREIN
C   GAASTRA EDENS
R DE KROON HIDAARD
M   POSTMA RIEN
W J   POSTMA WOMMELS
G.   RIENSTRA WOMMELS
W.H. VD SCHAAR WOMMELS
A.C.   STRUBBE WOMMELS
G   TESSEMAKER EDENS
S   TESSEMAKER EDENS
A S   TURKSMA WOMMELS
E.G.   TURKSMA WOMMELS