Wepperkes -tiisdei-

The Battle of the ……Cheerleaders!!
10 april 2006
Hampie te wetter!
11 april 2006

De veteranen ferlieze nei enerfearende striid
SDS 35 + moasten oantrede tsjin Anjum 35 +. It waard in wedstryd mei 9 doelpunten. Helaas makke de Anjummers 1 mear. Roel (2) , Ype en Wouter wiene de skutters foar SDS. Oan de lêste minut ta wie it spannend. In echte bekerwedstryd dus. Nei ôfrin wie der berenburg en bier.

A1 wint al wer.
Troch doelpunten fan Pytrik, Vitor (2) en Feiko wûn SDS A1 fan AVC A1.

SDS A1 wint fan koprinner
SDS wûn sneon knap fan koprinner Zeerobben mei 2-1. Dit barde ek noch wol op it kuenstgers fan Zeerobben wêr ’t de Harnsers noch nea earder ferlern hienen. Klik
hjir foar it ferslach fan Feiko Broersma.

Net ferjitte!
Dit is jûn it programma yn Easterein:
18.30 SDS A1 – AVC A1 (kompetysje)
18.45 SDS 35+ – Anjum 35+ (beker)
Kom allegear!

Feroare?
Wy fregen jim foarige wike as jim ek sjen koenen s der wat oan de webside feroare wie. Dizze antwurden krigen wy binnen:
*Neffens my is der net mear feroare dan dat ik gjin pop-up mear tsjin kom.
Sjouke fan ONT.
*Neffens my is de link ‘Klik hier voor informatie’ nij.
Groet, Anco

*Sorry ik bin wat let mar neffens my is it nije oan de begjin side dat Wietse Ligthart syn logo oan en út giet.
Anna-Marie
Dit wie it goeie antwurd:

Alle jierren stie hjir noch vv SDS Oosterend online. Eindelijk hawwe wy dit feroare……

Hampie te wetter
Ôfrûne sneon rekke Hampie te wetter by SDS 3. Jûn kinne jim hjir de fotoreportaasje sjen.

SDS League
As it allegear wat meisit dan stiet jûn let hjir de nije stân fan de SDS League.

Mopke
Hendrik Eringa(goed âld-SDS 4) wie sneon ek wer ris efkes te sjen by SDS. Hy hie wer in âlderwetsk mopke. hjir de frije ynterpretaasje dêrfan:
In Nederlander en in Belg rinne troch it oerwoud as sy plots oerfallen wurde troch in stel kannibalen. Sy nimme harren mei en sille de Nederlander en de Belg yn de panne smite om letter op te haffeljen. De Nederlander freget as sy ek noch in kans krije om te oerlibjen. It kannibale-opperhoofd giet stean en seit;”asto 100 deselde fruchtjes fynst dan sil ik der oer neitinke, al krigest dan wol noch in opdracht. Dit jild ek foar dy Belg”. De Nederlander en de Belg geane beide op syk. Nei in kertier komt de Nederlander al werom mei 100 swarte baaien. “Dit liket derop”, seit it kannibale-opperhoofd. Asto se no alle 100 ien foar ien yn dyn koent tropje kinst dan bist in frij man. It is efkes stinne mar de Nederlander giet oan ‘e slach. Nei sa ’n 80 baaikes begjint de Nederlander wat te gnizen. De kannibalen snappe der neat fan, mar hoe mear baaikes der ferdwine hoe mear de Nederlander laket. By 99 hat hy it net mear, begjint te proesten en de baaikes spatte yn it rûn. Hy leit dûbel fan it gnizen. It kannibale-opperhoofd snapt der neat fan en seit:”do snapst dasto no de panne yn giest?” De Nederlander begjint allinne mar hurder te laitsjen. It opperhoofd fielt him wat beledige en freget: “wat is der no sa lollich?”. “No”, seit de Nederlander, “ik kaam tidens it sykjen dy Belg tsjin en dy komt asen mei………….
……..kokosnúten……………….

Outsider
Ik tink dat Japan in outsider is foar de WK-titel. Sjoch
hjir wêrom.

Letter mear!