The Battle of the ……Cheerleaders!!

Wepperkes -moandei-
10 april 2006
Wepperkes -tiisdei-
10 april 2006

Ôfrûne sneon mochten de heren fan SDS 1 cheerleade by de follybalfroulju fan COVOS 1. Dit as tsjinprestaasje fan it ferlies fan The Battle of the Sexes tusken SDS 1 en de froulju fan COVOS yn janewaris. Dizze tsjinprestaasje slagge aardich. De tribunes sieten ôfladen fol en de cheerleaders wisten it publyk goed te fermeitsjen. Sy liken der sels aardichheid yn te krijen. It lever COVOS 1 net folle punten op. Sy ferlearen mei 4-0.

Snein hienen 2 spylsters fan COVOS 1 mear sukses. Froukje Bosgra en Froukje Dijkstra waarden 3de op it Frysk-kampioenskip twa tsjin twa yn Snits. Se seine mei troch de chearleaders en it moaie feest efternei (mei drankjes) aardich yn foarm te wezen.


Robertje, Feitje, Dirkje, Anne, Jantje, Dirkje en Skeltje op in rige.


De dames wurde wolkom hjitten.


Hjir de spesjale Battle-scrum foar de wedstryd ynklusief loftgitaren.


“Doe een stapje naar voren,..en een stapje terug….”


It net hong leger as mei The Battle….



Mei wy hast wer?


Wy hawwe in C, wy hawwe in O, wy hawwe in V, wy hawwe in O,……………..


SjalalalalaSjalalala………en it publyk genyt.



Eltsenien wurdt tank sein nei de wedstryd.


De mannen fan SDS 1 hâlden der ek noch in moaie oarkonde oan oer as betinkst oan dizze jûn.