Wepperkes -tiisdei-

SDS League: Dennis en Josje pakke de wykpriis!
21 maart 2006
Wepperkes -woansdei-
21 maart 2006

Oanpast
De KNVB hat it kompetysjeprogramma wat oanpast y.f.m. de folle wedstriden dy ’t der ôflast binne de ôfrûne wiken. De kompetysje duorret yn elts gefal in wike langer. Foar SDS 1 wurdt dit de rest fan it programma(neffens Voetbalnoord):

comp 25-3 SDS ASV Dronten
comp 1-4 BCV SDS
comp 8-4 SDS Noordscheschut
comp 15-4 SDS SJS
comp 22-4 Viboa SDS
comp 6-5 Holwierde SDS
comp 13-5 SDS CVVB

Yn ‘e bus
De aktiviteitenkommisje hie yn ‘e holle om op sneon 22 april mei de bus nei Holwierde 1 – SDS 1 te gean. Om ’t it programma no wat omsetten is sil de busreis no op 22 april nei VIBOA(Winsum, Grins) moatte.

Noch net klear
It 1e sealteam fan SDS moat dochs syn lêste wedstryd fan de kompetysje noch spylje. Op woansdeitejûn 5 april spylje sy om 20.00 oere thús tsjin ZVF út Frentsjer.

Topper of Lama’s?
De sealfuotballers fan SDS 2 hoefe pas wer op moandei 3 april te spyljen. Sy spylje dan út tsjin koprinner ZVH. It spyljen kin wolris in probleem wurde. Heechstwierskynlik hawwe de mannen op dizze jûn krekt harren jierlijkse “team-uitje” pland. Sy sille dan nei De Lama’s.

SDS’er derop út!
Hjoed is alwer in SDS’er derop út. Fannejûn sil Dirk-Yde Sjaarda foar ús de wedstryd Barcelona-Getafe analysere. Hy is fannemoarn yn it fleantúch dy kant op seten. Hy lit ús witte dat der sjen sil as der ek plak yn it barcelona-museum foar in SDS-sjaal. Wy sjogge út nei syn ferslach!

Slotjûn
De D-, E- en F-pupillen hawwe op freed 12 mei 2006 fanôf 17.00 in slotjûn op de Skoalleseize. Set it fêst yn de aginda!

Wa moat mei nei it WK(2)?
Hoe tichterby it WK komt hoe mear fuotballers fine dat sy yn de seleksje heare fan it Nederlâns alvetal. Wy binne it oer ien ding iens en dat is dat dizze ex-Ajacied yn elts gefal al mei moat(klik hjir).

Letter fêst mear!