SDS League: Dennis en Josje pakke de wykpriis!

Wepperkes -moandei-
20 maart 2006
Wepperkes -tiisdei-
21 maart 2006

It binne dizze wike hiel ferrassend Dennis en Josje(DD en JZ) dy ’t de wykpriis pakke. 2 wiken werom slaggen sy der noch yn om yn in wike min 2 punten te pakken en forige wike hienen sy mar 4 punten. Sy hawwe harren fêst opladen foar ôfrûne wykein want no pakten sy mei 35 punten en in romme foarsprong(2 punten) de wykpriis. Fan herte!
  
Dennis kin no moai in nije rêch keapje en Jos nije klean…

Yn ‘e kop fan it klassemint feroaret der neat. First Choice(MP) bliuwt koprinner en De Fûgelflappers(SdS) fleane hjir 10 punten efteroan.

De koach fan Klussen is mijn leven(AFdB) pakte dit wykein mei Nijlân 1 de 2e perioade. Mei syn team yn de League gie it wat minder. Hy sakke fan 3 nei 6.

MH pakte dizze wike mei sawol SCF as Stichting Skoalleseize in bult punten. No SDS A1 noch….

Kommende freed kin SC Cambuur mooglik in perioadetitel pakke. Sy moatte dan al winne fan BV Veendam. As BV Veendam like min fuotballet dan as sy yn de SDS League steane dan hat Cambuur in makkie. BV Veendam(BG) stiet hjir mar op it 66e plak.

It Afrikaanse fuotbaljen mei dan neffens de geleerden yn de lift sitte mar yn de SDS League bakke sy der neat fan. Bafana Bafana fan SW stiet mar op it 69e plak.

Bafana Bafana yn bettere tiden……

Ferliezer fan ‘e wike is dizze kear FC ASP fan AP út Wommels. Hy helle mar 8 punten.

Pik Andijvie(F en SS) krûpt ietsje tichterby Team Kooistra(HK) mar bliuwt noch altiten stiif lêst.

Pik Andijvie is oan mear sinne ta.

Groeten, Willem.

Hjir de nije stân:
wike 7.