Wepperkes -woansdei-

Wepperkes -tiisdei-
21 maart 2006
Burgum, we komme deroan!!
22 maart 2006

Mei de bus nei Burgum
Op 1 april is it knyntsjedei yn Burgum. Want SDS sil dan besykje BCV foar de twadde kear dit seizoen te ferslaan. De wedstryd wurdt spile om 18.30 oere. Tanksy sponser American Base yn Boalsert sil der in bus ride. Hoe en wat dat heare jim noch fan de aktiviteitenkommisje, hâldt dizze side hjoed yn de gaten. Foar de wissichheid: it is al wer gjin grap.

Grize tas
Fan Feike Jorritsma krigen wij it berjocht dat der in grize tas stean bleaun is bij it yntreehokje. Wa’t tinkt “he, wêr is myn tas” kin kontakt opnimme mei Feike.

Skoreboerd
Ek fan Feike krigen wij it berjocht dat it skoreboerd der binnen in pear wike stean kin. It soe moai wêze dat de 1-0 tsjin Noordscheschut op 8 april op dit boerd oanjûn wurdt.

Topskoorders
De topposysje fan Ype Tiemersma wurdt noch krekt net bedrige mar der binne al kapers op de kust at Ype efkes te lang droech stiet. Bas de Haan en Wichard Deium skoorden dit wykein beide twa kear. Sjoch foar de hiele list
hjir.

300.000 besikers!!
Hjoed sille wy wer in nije mijlpeal helje yn it bestean fan de webside. Wy geane hjoed troch de 300.000-grins! Op nei de 400.000! Besjoch hjir alles oer de tellerij.

Wa bin dit?
Klik

Hjir sjogge jim in foto dy ’t nommen is nei in oefenwedstryd tusken SC Heerenveen en SDS 1 jieren werom. Wy binne benijd as jimme noch witte wa ’t it allegear binne op de foto. Klik op de foto om it wat better te besjen. Mail jim antwurd nei info@vv-sds.nl!
Ús falt in oantal dingen op oan de foto:
*Spile SC Heerenveen mar mei 10 man?
*Wêr is Aldo Swager?
*Wêr is Foppe de Haan?
*Floris Hiemstra is de ienige SDS’er dy ’t no noch yn ’t 1e fuotballet.
*Wa binne dy grinsrjochters?

Barca wint!
Dirk-Yde Sjaarda hat juster mei syn suster Wilma nei Barcelona-Getafe west. Sy seagen in spannende pot fuotbal wêr ’t Barcelona sels nei 4 minuten al mei 1-0 efter kaam. Tot de Sjaardas harren spyt dienen Messi en Larsson(ex-Feyenoord!) net mei y.f.m. blessures. Barcelona hâldt dan fansels noch kwaliteit genôch oer en wûn úteinlik mei 3-1. De lêste 2 goals kamen fan Eto’o. Wy sjogge út nei de foto’s en in it ferslach fan Dirk-Yde en Wilma.
(Sjoch hjir foar it wedstrydferslach op de VI-webside)

Eto’o wer ris de grutte man by Barcelona

Best
Yn Belfast wurdt it fleanfjild ferneamd nei de grutste fuotballer dy ’t Noard-Ierlân ea grutbrocht hat, George Best. Sjoch hjir nochris wêrom.

Skore
Yn België is it wat makliker skoren as yn Nederlân. Dit komt foaral troch de minne earen fan de spitsen(?!)…(sjoch hjir).

Foute wissel
In soad wat âldere SDS’ers sille snein by de miste bocht fan Chad Hedrick tocht hawwe oan 1971. Doe wie it Jan Bols dy ’t by it EK op Thialf in foute wissel begie. Ek hy bleaun te lang yn deselde baan. Diskwalifikaasje wie it gefolch foar de op dat momint grutte favoryt. It publyk(sieten dêr ek SDS’ers by?) koe net al te best mei dizze teloarstelling omgean. Konkurrint Dag Fornaess waard lêstich fallen troch it publyk en der wienen ferskeidene rellen. En dat troch it oars sa leave skaatspublyk yn Hearrefean. Wa kin him dat no foarstelle? Klik hjir foar it hiele ferhaal.

Letter mear!