Wepperkes -sneon-

Wepperkes -freed-
17 augustus 2006
Basso wint Cauberg-Cauberg
18 augustus 2006

SDS 1 – ONS 1 (beker) 0-5
Moarn kinne jim hjir in ferslach mei wat foto’s sjen fan dizze wedstryd.

Kraan
Tongersdeitejûn wiene der in oantal Okkema leanbedriuwers op training bij SDS 4 en 5. Sa wie dêr Durk (kraammasjinist) Pieter Lieuwe (trekkersjoffeur) en Coen Rameau (leart foar kraanmasjinist). Nei 10 minuten trainen hie Coen it net mear. Hij fleach nei de boks en hong minstens 5 minuten oan de kraan.
“Tja” ,sei Pieter Lieuwe, “dat hawwe je mei kraanmasjinisten”

Training SDS 2
Kommende tiisdei traint de B-seleksje om 19.00 oere. Dat kin  moai want de A-seleksje hat op dat stuit in bekerwedstryd yn Harns tsjin 1ste klasser Zeerobben.

Beker programma – futsal

SDS 1 RES 1 6-9-2006 20.00 Greidhoeke
Overzw.luwen 1 SDS 1 27-9-2006 20.00 Greidhoeke
           
Workum 2 SDS 2 5-9-2006 21.00 Rolpeal
SDS 2 MKV 2 27-9-2006 21.00 Greidhoeke
           
Workum 3 SDS 3 6-9-2006 21.00 Greidhoeke
SDS 3 Friesland 3 27-9-2006 21.30 Nijlân

Opfallend hjirbij is dat it ferskil tussen út en thúswedstriden net sa grut mear is, want SDS 1 spilet twa kear yn Easterein, wylst SDS 3 de thúswedstryd út spilet en de útwedstryd thús.

Lowlands
Freedtemoarn binne ek in oantal SDS-ers ôfsetten nei de polder. Net omdat it grutte foarstanners binne fan it poldermodel, mar om Lowlands ûnfeilich te meitsjen.
Sa seagen wij Jan Stenekes, Kees Adema, Sjoerd Rispens en Willem Wijnia. En de helft fan de famylje Tiemersma: Albert en Ype. Wij witte út tige betroubere bron dat de “jonge” Albert spesjaal  foar Arctiv Monkey nei Biddinghuizen is. Mar wat binne de favoriten fan de “âlde” Ype.
Wij tochten wij moatte marris Spinfiskje bij dizze dy. Guon seine dat hij nei de terapeuterette moast en lekker yn de biechtstoel syn ferhaal dwaan. Oare mienden dat hij mooglike in affaire hat mei Lady Aida  of mei ien fan de Scissor Sisters. Jawat it ek is, it kin ek wêze dat hij efkes bekomme wol bij de Silent Disco.
En at er moandei wer yn Wommels omstapt mei Albert dan sjongt hij fêst: Wir sind Helden

Letter hjoed mear, at jim noch nijs hawwe. Maile kin nei ús adres.