Wepperkes -freed-

Wepperkes -tongersdei-
16 augustus 2006
Wepperkes -sneon-
18 augustus 2006

SDS League 2006-2007
Folgende wike sille wy in begjin meitsje mei de nije SDS League. Om ’t de transferperioade oan ‘t 31 augustus rint wolle wy net te gau begjinne.

Oare spultsjes
Der binne mear spultsjes dy ’t in soad fan de SDS League hawwe lykas:
Spitsenspel
VI Competitiemanager
LC Coach van het Jaar


Út ’e de loft?
Sûn’t woansdei kinne je sa no en dan net op ús webside komme. Wy witte net wêr ’t dit oan leit. Wy hoopje dat Tricat dit probleem gau út de wrâld helpe kin.

Fan je famylje moat je it mar hawwe……..

Liesbeth Bootsma sjocht it hielendal sitten foar de rit fan sneon:
Ik sil my der ek efkes oan weachje en fansels kin ik der by myn famylje net offalle:

1 Gerben Bootsma

2 Samme Overal

3 Dirk Yde Sjaarda

(Peter is ek famylje, mar ik moat wol reeel bliuwe)

As leste kin ik net kieze ut twa minsken dus neam ik se beide mar en hoopje dat se precies tagelyk as leste oer de streep fietse.

Drok eameljend oer wat foar gers, hoe lang, hoe koart, hoe wiet en dat soarte saken….. Marco en Abe Jan!

Groetnis,

Liesbeth Bootsma.

Fan je freondinne moat je it mar hawwe……..
Ek Wikje Kooijmans rint net oer fan betrouen wat freon René oangiet. Sij sjocht him net bij de earste trije. Nee, sij sjocht him as lêste binnenkommen. No witte wij wol seker dat René dat net gebeure litte sil…….

Wa bedwingt de Cauberg as earste?
Bij wepperkes tongersdei kinne jim sjen hoe’t it fans fol (falske) ferwachtingen binne oer de super fytsers. De CD mei fytsferskes is klear dus wolle jim noch in gokje weagje, mail dan nei dit adres.

Treffer gearkomst
Yn juny wie de lêste gearkomst fan de Treffer redaksje. Doe is ek de datum fêststeld fan de folgende gearkomst. Elkenien hie dêr in agenda fan krigen Ferline wike tongersdei (10 augustus) wie de gearkomst. Der wie lykwols net ien…… At it no mar goed goedkomt mei de Treffer.

De Treffer
It bewarnummer fan de Treffer leit lykwols al bij de Hanzedruk. At alles goed giet hoopje wij dat begjin nije wike elkenien syn Treffer hat.

Bliksemstart
Wesley Hoitinga is krekt wer lid wurden want hij “woe wol wer ris gewoan lekker fuotbalje” mei syn freonen. It is te hoopjen dat syn freonen bij SDS 1 sitte, want kommende sneon makket hij syn debút yn it earste. Neidat hij tiisdei mei de C- seleksje trainde, tongersdei mei de B- seleksje, moat hij him sneon om 17.00 oere bij de A-seleksje melde. In bliksem start dus.

SDS 4 en SDS 5 trainden
It wie noch net drok op de training fan SDS 4 en 5 mar wol leuk. In prachtige wedstryd fan âld (Klaas, Durk Willem(!) en Aant) tsjin jong (Coen, PvanP, Bas en Gerlof) wat yn de lêste twa minuten beslist waard mei in winnend doelpunt fan PvP. Nije wike is der trainen. It is net de bedoeling dat elkenien dan wol komt want dan binne der te folle.

Panna-hattrick
Sjoch en genietsje(klik hjir)!!


Letter mear!