Basso wint Cauberg-Cauberg

Wepperkes -sneon-
18 augustus 2006
SDS 1 – ONS 1
19 augustus 2006

22 man
Hjoed stride 22 SDS-ers yn Sud Limburg om de titel “beste klimmer fan SDS”. Werom sjen nei ferline jier hat gjin sin, want der dogge no wer in oantal nije talinten mei. Der sil in tochtje fytst wurden fan sa’n 40 kilometer mei dêr yn twa bergen en wat heuvels.

De Keutenberg
keutenberg 
Sa’t jim sjen kinne, is it gjin skande wannear guon hjir ôfstappe. Dy binne foarsichtich sille wij mar sizze.

Training 
 Keutenberg af
Fan’e moarn krigen wij al in foto binne fan de earste training op de Cauberg. Sa’t jim sjogge binne der gjin plysjemoters mar is in peloton bejaarden ynhierd mei opfierde skootmobyls om foar wat sjow te soargjen en it publyk op ôfstân te hâlden.



It wie flink kâld yn de bergen fan é moarn. It foel net ta om de goeie fyts te finen.

Falsk plat 

Landweg tussen de Keutenberg en de Sousberg

Landweg tussen de Keutenberg en de Sousberg

It profyl fan de Cauberg
Fansels hawwe in oantal fanatike fytsers it profyl fan de Cauberg goed yn harren opnommen om sat de krêften goed te ferdielen

Jim prognose
15 minsken hawwe de muoite nommen om efkes in prognoase yn te stjoeren. 15 oaren soene dat noch dwaan, mar stelden it út en binne no te let.
 

  Wa?   It poadium: Lêste:
1 Willem W: 1 Samme Overal Boogerd
    2 Dirk-Yde Sjaarda  
    3 Gerben Bootsma  
2 Bote S: 1 Samme Overal  Jeroen Brouwer
    2 Dirk-Yde Sjaarda   
    3 Donny Okkema   
3 Wikje K. 1 Anne Stenekes René Velzen
    2 Peter Sijbesma  
    3 Gerben Bootsma  
4 Wiepkje H. 1 Gerben Bootsma  
    2 Peter Sijbesma  
    3 Samme Overal  
5 Lislekkeropdevitch 1 Wilbert de Boer Landis
    2 Donny Okkema  
    3 Dirk Yde Sjaarda  
6 Gerard v.A. 1 Samme Overal  
    2 Dirk-Yde Sjaarda  
    3 Anne Stenekes  
7 Bas van der W. 1 Dirk-Yde Sjaarda René
  2 Gerben Bootsma  
    3 Samme Overal  
8 Hammie W. 1 Dirk-Yde Sjaarda Jeroen Brouwer
  2 Gerben Bootsma  
    3 Samme Overal  
9 Annemarie W. 1 Stefan van Krimpen René
    2 Dirk-Yde Sjaarda  
    3 Donny Okkema  
10 Erwin de Boer 1 Samme Overal  
    2 Dirk-Yde Sjaarda  
    3 Tsjipke Okkema  
11 Dirk-Yde S. 1 Samme Overal Hendrik K.
    2 Gerben Bootsma  
    3 Wilbert de Boer  
12 Liesbeth B. 1 Gerben Bootsma Marco en Abe-Jan
    2 Samme Overal  
    3 Dirk-Yde Sjaarda  
13 Sjoerd van B 1 Dirk-Yde Sjaarda  
    2 Stefan van Krimpen  
    3 Samme Overal  
14 Syb Overal 1 Samme Overal René
    2 Gerben Bootsma  
    3 Peter Sijbesma  
15 Dirk de Jong 1 Peter Sijbesma Hessel
  2 Gerben Bootsma  
    3 Dirk Yde Sjaarda  

Foarsizzing Freddy
De 16de foarsizzing wie fan Freddy Scheltema. Op tiid ferstjoerd mar wat let bij ús kommen. Wat seit Freddy der fan:

Omdat ik tink dat Durk Yde, Samme en Durk de Jong troch gjin inkele dopingcontrole komme, ha ik in ferassend podium:

1. Hendrik Kuiper (ik ha him moandei keatsen sjoen en de man is yn de form fan syn libben)
2. Marten Faber (is ut keatst en hat kracht en aggressie)
3. Rene Velzen (hat nei de Freule in balanswike hawn en is seker 3 ons lichter)

De útslach
Wij witte net krekt wannear de finish is. Boppedat is it fansels de fraach hoe let de lêste binnenkomt. Want dêr sille se wol opwachtsje. Mar jûn hoopje wij wol de útslach te melden. Dus hâld it yn de gaten. Of……


…. is der ferslachjouwer mei op in laptopfyts…….

Sneontemoarn 9.00 oere
It berjocht komt binnen dat Donny Okkema net meidocht. Der binne dus al hiel wat foarspellingen ferkeard. 

Sneontemiddei om 18.00
Ungerêste memmen wurde gerêststeld: Se binne oankommen en sûnder ûngemakken. De sfear is prima en de ferliezers nimme it ferlies goed op.

Foarlopige einstân (alkohol-en dopingkontrole moat noch plak fine)
1. Basso (Dirk Yde Sjaarda)
2. Di Luca ( Tsjipke Klaas Okkema)
3. Rooks (Peter Sijbesma)
4. Schleck ( Gerben Bootsma)
Fierders sieten noch bij de earste sân: Samme, Marten, Jan Simon

Wij hoopje dat se, wannear se wer op adem binne, ús wat mear ynformaaasje jaan kinne. Ek dan sille wij sjen at de priis útrikt wurde kin. Sa op it earste gesicht liket it der op dat nimmen alles goed hat.

Letter mear!!!!