Wepperkes -sneon-

Wepperkes -freed-
1 juni 2006
Wepperkes -snein-
4 juni 2006

Wommels wint
Kees, Erik en Jacob Klaas hawwe Jong Nederlân wûn. Dat is in geweldige prestaasje, want Wommels wûn sûnt 1972 net. Pyt de Jong wie harren lieder. Fjouwer SDS-ers op it heechste plakje dat docht ús goed. Om 19.30 wurde se ynhelle yn Wommels.

Ek yn de finale
Bij it strjitkeatsen is der ek SDS sukses. Yn Ljouwert steane Robert, Feite en Skelte yn de finale. Hoe’t dit ôfrint?

Ate Feike nimt ôfskie mei ferlies
Ate Feike de Boer is der mei syn ploech Nijland net ynslagge om te promofearen nei de 2de klasse. Be Quick Dokkum komt takem jier dus nei Easterein.
Wij libje mei mei de Nijlanners.

SDS WK League
Wy hawwe no sa ’n 30 oanmeldingen binnen foar de SDS WK League. Dit binne noch lang net genôch. Klik
hjir om jo foarspelling te dwaan en goai se gau by ús troch de doar. Yn de Jimbar lizze eventueel ek dielnimmers-formulieren.

Spiler fan it jier
Justerjûn binne 2 spilers fan SDS 1 yn it sintsje setten as spilers fan it jier. Wy binne benijd nei de útslach.

Golfe
Justerjûn is SDS 1 te golfen west yn Ljouwert. It wie al gau dúdlik wa ’t it golfen it snelst ûnder de knibbel hie. Hy wist de ballen knap te reitsjen. Henk Postma giet fanôf hjoed dan ek troch it libben as ……..Tiger Postma.

Knap dien
SDS 2 hat it seizoen goed ôfslúten. De ôflaste wedstryd tsjin AVC waard omsetten yn in 3-0 oerwinning foar SDS. Dit betekent dat SDS 2 mei ien punt mear eindige is as foarich seizoen.

Nije koach?
De trainingen fan SDS 2 sille kommend seizoen jûn wurde troch Robert Hoekstra en Remco Bervoets. In koach foar sneons is der noch net fûn.

It skoaren wurdt hieltyd dreger
Klaas Pompstra hat wer in prachtich oersjoch makke fan de doelpunten dy’t dit jier skoard binne. Opfallend is dat er troch de jierren hinne hieltyd minder skoard wurde. Sjoch hjir ûnder foar it oersjoch en de grafyk

Doelpunten troch de jierren hinne

Fotowedstryd
Jaring Rispens, de fotograaf fan Wommels en fiere omkriten is op dit momint dwaande yn in wedstryd om de moaiste foto. Help him dêrbij troch efkes op
dizze link te sjen.

Noch in keatsende SDS-er
Wij diene berjocht oer keatsende SDS-fuotballers. It is goed om noch efkes op te merken dat Feiko Broersma ek mei docht bij de junioren op sneon, En dat wylst hij noch mar in jonge is. Hij keatst fansels foar Littens.

Noch mear keatsende SDS’ers
Ek yn Boazum wurdt der hjoed keatst. Hjir keatse û.o. de SDS’ers Bertus Bootsma en Pieter Groenveld. Grutte favoriten dêr binne fansels it de SDS’ers Jan Stenekes, Sjoerd van Beem en Dennis Dijkstra.

Nije auto!!
Treffer-redakteur Gearard van Asselt hat in nije auto. As wy syn ferhaal leauwe moatte dan hat der hjir in hiel soad fan……..Gearard Go Go Go!!!