Wepperkes -freed-

Mark mei nei it WK!?
1 juni 2006
Wepperkes -sneon-
2 juni 2006

Alvestêdentocht
Geert Hiemstra kin der mar gjin genôch fan krije. Foarige wike rûn hy noch de âlvestêdentocht en moandei sil hy him fytse. Soan Floris sil sjen as hy him byhâlde kin.

By WWS
De wedstryd tusken Nijland en Be Quick Dokkum wurdt moarn om 14.30 spile op it fjild fan WWS yn Wirdum. Wa ’t dizze wedstryd wint mei folgend seizoen yn de 2e-Klasse útkomme.

KNVB Jeugdvoetbaldag
Op 10 juny wurdt der troch de KNVB foar de 5e kear in jeugdvoetbaldag organiseare op it Skoatterwâld by Heerenveen. Fan SDS geane dizze spilers der hinne:
Frank Bervoets, Watze Jacob van der Wal, Habtamu de Hoop, Solomon de Hoop, Jorrit Veldman, Matthijs Postma, Jacob Smink en Dagmar Tjalsma. Dizze spilers spylje oars allegear ûnder lieding fan Tineke de Hoop by SDS F2. 

Keatse yn Frjentsjer
Sneon en moandei kin der wer keatst wurde yn Frjentsjer. Alteast at je bij de trije besten fan je doarp of stêd heare. Bij Wommels en Easterein binne dat sneon en moandei trije SDS-ers. Bij Itens sjogge wy moandei Nauta, Kamstra en van de Brug ek allegear SDS-ers of âld SDS-ers. By Winsum(Geert Dijkstra) en Mantgum(Skelte Anema) dogge ek SDS’ers mei. Wa’t sjen wol hoe goed de nije doelman fan SDS keatse kin, moat moandei op Weidum lette. Jappie Toering keatst dêr mei. De list .

Strjitkeatsen
De iets “mindere” keatsers fan elk doarp steane sneon yn Ljouwert te keatsen op it âlde Zaailân. Ek dêr binne SDS’ers te finen lykas Robert Sybesma, Feite de Haan en Floris Hiemstra. Sy keatse dêr foar de Jimbar. Hjir de list.

Kursus giet net troch!
Jan Stenekes lit ús witte dat de kursus Rietdekken foar fan ’t simmer net trochgiet yn de Jimbar. Hy seit dêrby dat dit foaral neat te meitsjen hat mei de kommende WK……….


Letter mear!