Wepperkes -snein-

Wepperkes -sneon-
2 juni 2006
SDS 1 te golfen
5 juni 2006

Sukses
It hiele jier hawwe sommige SDS fuotballers net folle wûn. En dat ferliezen begjint dus te ferfelen op in bepaald stuit. Omdat septimber noch sa fier fuort is, lizze se al harren striidfeardigens no yn it keatsen. Dat ferklearret wierskynlik it sukses fan sneon.

Robert, Skelte en Feite
Mei dik 69 partoer op de list wisten Robert Feite en Skelte juster de twadde priis te winnen yn Ljouwert op it stjritkeatsen op it Saailân. Sij kamen mei prachtige horloazjes werom yn Easterein en Mantgum.

Kees, Erik en Jacob Klaas
In grut sukses foar dizze trije keatsers. Sij hellen de earste priis yn Frjentsjer op Jong Nederland.
In byldferslach fan de priisútrikking en de rûntocht yn Wommels kinne jim
hjir sjen.

Lyts foutsje
Yn de nijste Treffer is in lyts foutsje slûpt. Net Jehannes Dotinga mar Bas de Haan is topskoarder wurden fan SDS 5 mei 13 goals. 

Allegear “lytse” foutsjes
At wij wepperkes oan it skriuwen binne dan giet er wolris wat mis mei it tikken. Soms typ je wat sa as je it tinke, mar dan kom je der op tiid efter dat it dochs oars moat. Rita Verdonk hat ek lêst fan tikkende fingers dy’t wol gauris korrisjeard wurde moatte. Sjoch
hjir.

Foto’s
Moarn kinne jim hjir de foto’s sjen fan SDS 1 dy ’t freed te goolfen west hat.

It spyt ús
Us aksje om dielnimmers te stimulearen it formulier foar de Wk leaugue sa gau as mooglik yn te leverjen is net hielendal goed fallen. Dat muoit ús tige. It hat nea de bedoeling west om teloarstellingen te kreearen. Wij sille  tenei noch better neitinke.