Wepperkes -sneon-

Wepperkes -freed-
14 december 2007
Wepperkes -snein-
15 december 2007

De dielnimmers fan fraach oer sc Hearrenfean

wa oantal plak op
  punten ranglist
Dirk de Jong 12 3
Bauke de Boer 10 2
Johan Delfsma 10 3
Remco Bervoets 10 3
Gearard Posthumus 9 2
Willem Wijnia 9 3
Roel Sijbesma 9 4
Aant Hofstra 8 4
Pieter Kamstra 8 4
Feike Jorritsma 7 4
Immie Kamstra 7 4
Pieter Wesselius 7 5
Alise de Vries 7 5
Tjerk van der Pol 7 6
Fedde Wiersma 7 6
Habtamu de Hoop 6 6
Bas van der Wey 4 6
Sipke Hiemstra 4 7
Ate F. de Boer 4 7
Johan de Graaf 1 11
Harm A. Dijkstra 1 11

Utgeanstip
SDS 5 – Zeerobben 6 om14.00 oere

Kâldklommer
In reaksje fan in lid fan de seleksje op it boppesteande berjocht:
oefenje !!!! ga toch klaverjasse
groetnis nr 99

Ferlern
Futsal 1 hat tongersdeitejûn mei 6-4 ferlern fan Leeuwarden. Dat seagen wij stean op dizze side.

Kaarten wer te plak
Jim kinne ophâlde te sykjen. De kaarten van AVC binne wer te plak. Durk Okkema berjochtet:
De kaarten fan AVC binne der ek wer, se sieten by in spiler yn de tas, ik tink by de Jentsje Jorritsma fan AVC.

Hoefolle punten en op hokker plak (1)
Dy fraach stelden wij oer sc Hearrenfean. Jim kinne hjoed oant 17.00 oer noch in reaksje jaan op dit adres. De winner wurdt op 31 desimber beleanne  mei in boek.

Hoefolle punten en op hokker plak (2)
It koe net útbliuwe fansels. Wij krigen de fraach at wij sa’n fraach ek ris stelle wolle oer …Cambuur. Dat soene wij wol dwaan wolle mar binne bang dat wij dan te folle deselde antwurden binne krije. 0 punten plak 18. En dan docht it oantal wedstriden der iens ta.

Derksen (1)
De sprekker bij SDS op 5 febrewaris is Johan Derksen. Dizze “praatsjemakker” hat ek bij Cambuur spile. Wij seagen efkes yn it archyf fan de Ljouwerter Krante en fûnen in oantal artikels út de begjin jierren 70 , mei spesifike teksten oer Derksen. Wij begjinne posityf.


(bron: Digitaalargyf LC)

Hawwe jim nijs, kommintaar, opmerkings, oanmerkings, iets wat jim fan it hert moat, tips wat hjoed te dwaan, rektifikaasjes, iets aardichs, mail it nei dizze adressen.