Wepperkes -snein-

Wepperkes -sneon-
15 december 2007
Wepperkes -moandei-
16 december 2007

CVVO A1 – SDS A1   5-2
Doelpunten fan SDS wiene der fan Feiko Broersma en Jort Strikwerda.

ONS Da3 – SDS Da   11-0
Sneontemiddei healwei 1, ús lêste wedstriid foar de winterstop, tsjin ONS. Gelokkich foel it waar mei en waard der net ôfbelle. De earste helt wie net best! Theo wie al net erch posityf en dat wie terecht. Alles wat mis gong, gong ek mis. ONS hie hieltiid te bal en wiene ek hieltiid op ús helt. It eindige foar it skoft 7-0. Nei dat Theo efkes in pakkende taspraak oan ús joech, gongen we der wer foar! Yn ús eagen koe it net mear fout gean. Hèhè it gong in stik better, wy wiene al wat mear oan ’e bal en der we hearden muzyk op’ e achtergrûn. Úteindelyk ha we net mear kinne skoaren, jammer mar it wie net oars ONS noch wol, 4 derby. De wedstryd eindige mei 11-0.
Sietske & Tryntsje

SDS C1- YVC C1      1-1
Eindigde in een 1-1 gelijke stand. Rond de 15e minuut wist Jan Friso vanaf rechts met een hard en strak afstandsschot de IJVC-keeper te verschalken: 1-0. IJVC speelde verdedigend en deed dit erg geconcentreerd, ze loerden op de counter. Vlak voor de thee leidde dit tot de 1-1. Deze stand bleek later ook bestemd voor het wedstrijdformulier. SDS drong wel erg aan en de meeste tijd werd op de helft van IJVC gespeeld. Bijna alles moetst kennelijk door het midden en daar had IJVC de zaak goed onder controle. Op twee ballen van Stefan op de lat na, wist SDS geen echte kansen te creëren. Jammer, op deze manier laten we 2 kostbare punten liggen. Nu eerst de winterstop in, beetje ballen in de zaal en eind januari / begin februari de zaak weer fris oppakken….. (Ab)

SDS 5- Zeerobben 6     8-2
It wie prachtich waar en werom soene je dan net oefenje. In tige slagge middei mei in oantal opfallende saken.

  • Ype Tiemersma woe it rêstich oan dwaan en mocht dêrom op rjochts heal. Hij moast hurd wurkje
  • Net alle SDS 5 spilers hiene op ynternet sjoen: der bleaunen in pear fuort
  • In inkele SDS-er hie de Krystmerke noch yn de “fuotten” en kaam net, mar wat wol je ek at je sa ticht bij it kafée wenje
  • Robert S en Jeroen B. mochten wedstriid ritme opdwaan bij SDS 5.
  • Feite de Haan wol altyd wol fuotbalje
  • Jaap Boekholt liet him ien kear yn it strafskopgebiet fan de tsjinstanner sjen: hij mocht de strafskop nimme
  • Doelpunten wiene der fan Christiaan (2), Robert (3), Harm Auke, Jaap en Hampie

Oefenje?
Eddy de Boer seach dizze wike op ynternet stean dat SDS 5 fuotbalje moast tsjin Zeerobben 6. Om 14.00 oere. Omdat Eddy de sjurtsjes mei hân hie te waskjen gie hij der moai op tiid hinne. Boppedat hij hie der ek sin oan. Want hie SDS 5 de útwedstriid net ferlern mei 6-1 of soks sa wat? Revans gefoelens makken sich master fan Eddy.
Nei in goeie earste helte (4-0 foar SDS) gie it yn it skoft mear oer oare dingen as oer it fuotbal. Allinne Eddy dy bleaun hieltyd trochseuren oer “skerp wêze” en “fuort der boppe op” en “net ferslapje” en mar fan dy kreten.
Doe’t hij mei Ype wer nei it fjild rûn foar de twadde helte rôp Ype him wat ta de oarder: “Net sa fanatyk de Boer, it is mar oefenjen.”
“Wat seisto dêr? Is dit oefenjen”??
Alhiel ferslein begûn Eddy oan de twadde helte. Oefenje en traine dat komt net foar yn it
dikkedeboerwurdeboek . Mei noch ien kear in rush nei foaren, in perfekte foarset, wêr’t Robert út skoarde, wie de motivaasje fan Eddy hielendal fuort. Mei in blessure en geastlik swier oanslein ferliet hij it fjild. Gelokkich hie der yn de tredde helte gjin lêst mear fan motivaasjeproblemen.

Klaverjasse
Nije wike sneon is der klaverjassen yn de kantine om 15.00 oere. Sneon nei it fuotbaljen oefenen Ype en Stoffel efkes tsjin Sipke en Aant. De resultaten fan dit oefenpotsje binne ús net bekind.

B1
Hjir efkes in berjocht oer de winteraktiviteiten fan SDS B1.
Sjoch it oersjoch. 
Ik ha de earste fjildtraining setten op moandei 21 jannewaris 2008.
As it goed is dan moatte we sneon 26 jannewaris thús wer begjinne mei de wedstriid tsjin Zeerobben B1.
Ut namme fan Gerrit, de spilers en mysels wol ik jimme hertlik tank sizze foar jimme ynset foar de B1.
We hoopje ek takom jier wer gebrûk fan jimme tsjinsten meitsje te kinnen.
Dat jild net foar Gert Jan die oanjoen hat net troch te gean nei de winterstop. Moai datst do foar de winter beskikber west bist
Wa foar Gert Jan yn de plak komt witte we noch net, mar we hoopje op in trainer foar 1 kear yn de wike.
Dan elts noflike Krystdagen tawinske en in sûn, lokkich en sportyf 2008!
Graach oant sjen!
Klaas Pompstra

Nije kwis
Sa’t wij dizze wike al oanjoegen stiet op de webside fan  VI  in nije logokwis. Hy is net maklik. Set ‘em op!(klik
hjir).
Christiaan Zijlstra mailt út al wat antwurden mar dy ferklappe wij noch net. Wa hat ek antwurden?

Sc Hearrenfean hoefolle punten?
Nei ien wedstriid is al dúdlik dat twa hearen der wol hiel fier neist sieten. Harm Auke Dijkstra (dy fan PSV) en Johan de Graaf (ik tink fan Ajax) gokten op 1 út 4. It binne der no al 3 út 1. De earste ôffallers dus. Mooglik hâlde se ek net fan boeklêze.

Derksen (2)
Noch in sitikje út it ferslach fan Cambuur yn de jierren 70. Derksen wie net samar in ferdigener. Hij naam ek ferantwurdlikheid.

(bron digitaal archyf LC)

Hawwe jim nijs, kommintaar, opmerkings, oanmerkings, iets wat jim fan it hert moat, tips wat hjoed te dwaan, rektifikaasjes, iets aardichs, mail it nei dizze adressen.