Wepperkes -freed-

Wepperkes -tongersdei-
12 december 2007
Wepperkes -sneon-
15 december 2007

Kaarten SDS 2
De spilerskaarten fan SDS2 binne wer telâne. Se dûkten úteinlik yn ….Seisbierrum op. Op ien of oare wize is der wat misgien yn in bestjoerskeamer. Want de kaarten fan de Seisbierrumers (AVC) binne ek fuort. Dy sille dus wol earne yn Easterein opdûke.

 

Seleksje SDS 5
Sneontemiddei om 14.00 oere spilet SDS 5 tsjin Zeerobben 6. Om wat yn it wedstriid ritme te bliuwen wurdt der oefene. Jim kinne de folgende spilers bewûnderje:
Eddy, Jaap, Jelle, Ids, Bertus, Stoffel, Harm Auke, Aant, Durk, Roel, Ype, Folkert Rients, Klaas, Chris.

Dêrneist ferwachtsje wij Sjoerd as skiedsrjochter en Daan as flagger.

 

In hazze
Marcel Frankena is noch altiten net de âlde. Syn rin is noch net super en de snelheid is der ek noch net. Om it ferbetterproses wat te fersnellen hat Marcel in berop dien op Stoffel. Om dy reden stapte Marcel tongersdei mei in hazze yn de auto op wei nei Ljouwert.

Wij ferwachtsje dat hij binnenkoart wer as in hazze rint.

 

Gjin trainen
Sjoen de opkomst fan de training bij SDS 4 en SDS 5  (trije leafhawwers) is besletten om nije wike tongersdei net mear te trainen.


C1 spilet ek thús
Net allinne moarntemiddei kinne jim in loopke dwaan nei de Skoalleseize mar ek moarnier om in bakje te heljen en efkes bij C1 te sjen. At alles goed giet spylje sij om 10.15 oere.

 

Kâld?
At it jim al te kâld is dan kinne jim fansels ek noch efkes nei de Greidhoeke. Dêr spylje de E’s harren sealtoernooi mei Easterlittens. Fan herte wolkom.

 

Sc Heerenveen
Der binne al wer wat foarsizzingen bijkommen. Jim kinne noch altiten maile nei
dit adres. Dat moat foar sneon 17.00 oere. It soe leuk wêze at wat mear jeugdleden meidogge. Dus kom op. It kost neat.
En allinne op it boppesteande adres.

De list stiet no yn folchoarder fan optimisten nei pessimisten.
 

wa oantal plak op
  punten ranglist
Dirk de Jong 12 3
Bauke de Boer 10 2
Johan Delfsma 10 3
Gearard Posthumus 9 2
Willem Wijnia 9 3
Roel Sijbesma 9 4
Aant Hofstra 8 4
Pieter Kamstra 8 4
Feike Jorritsma 7 4
Immie Kamstra 7 4
Pieter Wesselius 7 5
Alise de Vries 7 5
Tjerk van der Pol 7 6
Fedde Wiersma 7 6
Habtamu de Hoop 6 6
Sipke Hiemstra 4 7
Ate F. de Boer 4 7
Johan de Graaf 1 11
Harm A. Dijkstra 1 11

H.A.D yn de war?
Harm Auke Dijkstra sette mei syn reaksje oer sc Hearrenfean de boel op skerp. In reaksje fan Johan Delfsma koe net útbliuwe:
Mooie H.A.D rijdt dus NOOIT meer mee als Heerenveen tegen PSV moet!!!
PS: of zou hij PSV bedoelen 1 punt en de 11de plaats want ik heb ze gister gezien maar dat zag er niet hoopvol uit voor competitie.
groetjes Johan

 

In reaksje fan Ate F de B
3 punten, 7e plak. En dan sit it mei..

 

In reaksje fan Gearard P.
9 punten, twadde plakje. PSV hellet mar 4 punten.

 

Kryst merke

Under de namme winterwille is der hjoed in krystmerke yn Easterein. De Foarbuorren stiet tusken 15.00 en 22.00 fol mei kreamkes. En dat alles yn it wintersk sfearke.

Sitaa(r)tsje
Mario Been: Als aanvoerder van Excelsior was Been eens aanwezig bij een bestuursvergadering. Een van de agendapunten was een ruimte vinden voor een sponsorbijeenkomst van het in die dagen zeer noodlijdende Excelsior. Been stak zijn vinger op:
“Zou een telefooncel niks zijn?”