Wepperkes -sneon-

Seleksje SDS 1 foar sneon
2 september 2005
Wepperkes -snein-
4 september 2005

SDS 1 ferliest fan koprinner
Doe’t om healwei 5 oere de stân op it skerm stie yn de kantine die bliken dat HZVV troch de oerwinning op plak 1 stie en SDS dêrtroch op it lêste plak.
“ferlern fan de koprinner” sei in tûke supporter.
It soe moai wêze dat dit HZVV de beste ploech wie fan de 1ste klasse. Dan is der hoop op in better resultaat. Tsjin dizze mannen út Hoogeveen kaam SDS der net oan te pas. De 0-2 rêststân waard yn de lêste 15 minuten noch omsetten yn in 0-5 ferlies.

It feit dat SDS hast gjin kânsen krige seit genôch oer it ferskil tusken de “top” fan dizze klasse en de degradaasjezone.

Feite de Haan wie oanfierder en mocht tosse.

Marcel Frankena is trainer en hij mocht nei ôfrin útlis jaan oan de parse.

SDS 2 docht goeie saken yn de beker.
In prima oerwinning tsjin Oeverzwaluwen 2 soarget der foar dat SDS noch meidocht om de folgende ronde yn de beker te heljen. Doelpunten wiene der fan Dennis Dijkstra (3), Stefan van Krimpen (2) en Bote Strikwerda (syn earste bij de senioren)

SDS 3 oefent
Promovendus SDS 3 hat oefene tsjin Broekster Boys 3. Hoe’t dat allegear gien is kinne jim moarn lêze op dizze side. Wij jouwe de útslach (3-8) en de doelpuntenmakkers: Wichard (4), Albert Jan (3) Anco

De A-s fan Nijlân winne fan SDS A1
Yn it bekertoernooi wist SDS A1 thús net te winnen fan Nijlân A1. In 2-3 nederlaach. Doelpuntenmakkers fan SDS? Wij wachtsje op in
mailtsje

Marten Sijszeling toernooi
De E-tsjes en de F-kes haawe ûnder prachtige waarsomstannichheden it jierlikse toernooi ôfwikkele. Op it nije trainingsfjild waard fanatyk striden om de medailles. Moarn wat foto’s mei ûnder oaren de winners.

SDS B 1 – RES B1
De twadde bekerwedstryd fan B1 gie ek ferlern. Mei 2-5 wiene de Boalserters te sterk. De doelpunten waarden makke troch Thys Jaarsma en Eeltsje Postma(in streep).

SDS D1 -ONSTOP D1
D1 hie de earste bekerwedstryd wûn mar moast tsjin de Snitsers en Top en Twelsters de slach ferlieze. (1-2).
It ienige doelpunt waard makke troch Jiryan Bischoff.

SDS 2 yn nije trainingspakken
ALLICHT de saak foar allersoarte elektryske saken en dingen yn Snits hat soarge foar nije trainingspakken fan SDS 2.
Mei sponser Rudolf de Jong kamen se fansels op de foto.
Lieder Jan de Jong set de mannen earst te plak en lûkt dan sels in sjurt oan.  De alvetalfoto kinne jim fine bij senioren- SDS2