Wepperkes -snein-

Wepperkes -sneon-
3 september 2005
Marten Sijszeling toernooi
4 september 2005

SDS 3 tefreden oer oefenwedstriden
Twa kear hawwe se oefene, de mannen fan SDS 3. Twa kear hawwe se wûn. It ferslach fan harren lêste wedstryd kinne jim hjir lêze.

F1  wint rynsk fan Littens
De F1 ploech fan SDS hat sneontemiddei yn it bekertoernooi in prachtige oerwinning helle. 1-16 stie der nei 2 x 20 minuten op it boerd. Wiebe Heeres skoorde mar leafst 8 kear.

C1 ek wer aktyf
De mannen fan Klaas Pompstra binne ek wer aktyf. In ferslach kinne jim
hjir lêze.

Gearard Posthumus yn it read fan Broekster Boys
Gearard Posthumus hat in frjemde middei meimakke mei syn ploech SDS 3. De oefenwedstryd wie yn Broeksterwâlde mar de thúsploech hie op in bepaald momint noch mar 8 man oer. Besletten waard om dochs troch te fuotbaljen en Gearard soe de gelederen fan de Boys fersterkje. Dat die hij seker. Hij skoorde 2 kear foar de Boys.

Sy bin der wer
Gerrit Terpstra wit ús te melden dat syn keatsskuon wer boppe wetter binne. Hy koe him in wike lang mar net betinke wêr ’t sy no bleaun wienen nei it keatsen. Oan it moai waar hat Gerrit no te tankjen dat syn skuon der wer binne. Doe ’t Fetsje woansdei de tas fan solder helle mei alle strânspullen die bliken dat Gerrit syn skuon ek yn dizze tas sieten. Gerrit hat ynmiddels ek alwer nije skuon kocht fia Marktplaats. Grutte kans dat binnenkoart syn keatsskuon hjirop te keap stean.

Oprop
Beste minsken,
Wy fan SDS3 wiene nei san seizoen as foarrich jier al wat benaud nei grutte transfers fan us eigen spilers. Sukses lukt altiid oandacht…Nei’t ofrune woansdei om 24.00 oere de ynternasjonale merke slute, wie it dan ek in grutte opstekker, dat we noch altiid kompleet wiene.
Mar no giet it praat dat SDS 2 oan ien fan us spilers lukt.
Tsja, dat is fansels net best.Ik wit sa net om hokker spiler fan us it giet, mar fan dit plak of soe ik tsjin him sizze wolle;
Wy halde fan dy en kinne dy net misse!!! 

Trije tuten fan dyn maten fan SDS3!!!

Trije tuten
De trije tuten fan syn maten fan SDS 3 en noch in oare reden hat de bewuste spiler fan SDS 3 besluten dien lekker bij SDS 3 te bliuwen. Wij tekenden dizze keihurde útspraak justerjûn let op tidens in buertbarbekjoe.

SDS C1 giet ûnderút
Hjir it ferslach fan Klaas Pompstra fan SDS C1 dy ’t juster fuotbalje moast tsjin JV Bolsward:
Hjoed 2e bekerwedstriid yn Boalsert.
We ha 4-1 ferlern.
1e helt like goed as sels better mar gjin goals makke en wol 1 tsjin.
2e helte saken better mei syn allen delsetten en doe 1-1 makke.
De 1-2 bleaun út en Boalsert skoarde wol 2-1. Dernei krigen hja moed en de moed sakke ús wat yn de skuon.
We koenen it baltsje net rêstich rûn spylje en moasten wat tafolle wikselje troch allegear lytse blessures.
Miskien hie de wedstriid fan woansdei tafolle koste en in soad jonges ha freedtejûn ek noch keatst.
Hawar, we ha wer in soad leart hjoed en ferskate opstellings útprebeare.
Ek de jonges ha meitocht en praten oer it spul en opstelling, dat mei syn allen geane we de goeie kant op.
Woansdei út nei Frjentsjer C1.
groetnis,
Klaas.

Allicht
De spilers fan SDS 2 hienen juster de nije trainingspakken oan fan Allicht út Snits. Om it waar hie it net hoeft, mar sy stienen sa moai.


SDS League
Om ’t der noch mar 20 oanmeldings binne foar de nije SDS-League wurdt de ynskriuwdatum mei in wike útsteld. De SDS-Leagues kinne no ynlevere wurde oan ’t en mei kommende sneon 10 septimber. Moarn kinne jim der mear oer lêze.

200.000e besiker!!
Hjoed hawwe wy ús 200.000e besiker wolkom hjitte kinnen!!

Hawwe jim noch nijs, maile kin fansels altiten