Wepperkes -sneon-

Kompetysje-yndielings junioaren.
29 juli 2005
Rein -wepperkes-
31 juli 2005

It waar
At je nei bûten sjogge dan liket it of soe it hjoed net wer droech wurde. (miskien kinne wy fan waarman Rients Smit it delslachsifer efkes trochkrije.)
Sjogge je nei de satelyt bylden dan meie wy der fanút gean dat it oer in pear oeren droech wurdt.
Bliuwt it reinen dan sil je je binnen fermeitsje moatte. In tip soe wêze kinne om in besite te bringen oan bygelyks it museum yn Wommels.

Wurdt it droech dan binne der wat mear mooglikheden:
Skutsjesilen yn Grou, keatsen yn Seisbierum of Hallum, fierljeppen yn it Heidenskip.

It waar(2)
It is ynmiddels droech en wy hawwe noch wol in tip foar jûn. Hielke de Vries tipte ús oer it folgende:
Harkemase Boys oefent jûn yn Marssum tsjin SSS ’68. De wedstriid begjint om 19.00 oere.

Pieter Bijl komt jûn mei syn Boys nei Marssum.

Bewarnummer
De kompetsyjeyndielingen, de alvetal yndielingen, trainingstiden, skiedsrjochters, yndieling trainingsfjilden, sponsers en noch folle mear ynformaasje foar it nije seizoen is bekend. Op dit stuit wurdt in begjin makke mei it bewarnummer fan de Treffer 2005/2006 sadat alle leden de ynformaasje it hiele jier wer by de hân hawwe.
It blêd komt oer in pear wiken út. De krekte datum heare jm letter.

Nije fytsenrekken
Folgend jier sil de nije kantine klear wêze. Om alles dan wat in nijerwets jaske te jaan wol de Skoalleseize ek graach nije fytsenrekken hawwe. Der wurdt al drok socht nei frijwilliggers(klik hjir).

Nijland 1 wol gau werom nei de 2e-Klasse
Te sjen oan it oefen- en trainingsprogramma fan Nijland 1 wolle sy gau werom nei de 2e-Klasse. Sy begjinne sels ien dei earder as SDS 1 te trainen. No mar hoopje dat Lowlands net it hiele seizoen trochwurkje sil. Klik hjir foar it oefenprogramma fan Nijland 1 en 2.

Hawwe jim noch wat te melden?
info@vv-sds.nl