Rein -wepperkes-

Wepperkes -sneon-
30 juli 2005
Wepperkes -moandei-
31 juli 2005

Rein (1)
Oan de
loft te sjen wurdt it hjoed net droech. It is allegear rein. Wy kinne wol wat tips jaan foar hjoed mar de fraach is at alles wol troch giet. De simmer merk yn de teatertún in Rys mei in optreden fan Johan Keus en freonen giet yn al gefallen net troch . Te wiet.
At it keatsen yn Arum wol of net troch giet witte wy noch net, mar dúdlik is wol dat it yn de tinte meast droech wêze sil.
Wy hâlde it hjoed mar op wat reintips.

Reintip (1)
Om je mei rein dwaande te hâlden is it goed om earst efkes de
defynysje troch te nimmen.

Reintip (2)
Wat is der tapasliker as mei dit reinwaar in wykein fekansje te holden yn in prachtich
Duts stedsje

Reintip (3)
Wylst je nei dat Dutske stedsje ride, hawwe je fansels in oantal leuke CD’s meinommen.
Lieten as: Rain drop keeps falling on my head, Hard rain is gonna fall en who stops de rain skalle moatte de fleur der wat ynholde.

Reintip (4)
Animaasjes fan rein kinne jim fine op dizze side. 

Reingebaar
At je stil wurde fan sok waar en je sitte dus om wurden ferlegen en dochs wol je in oar graach fertelle dat it reint dan  kinne je it altiten
sa útdrukke

Reine
Wy hoopje fansels dat it hjir droech wurdt en dat de buien oerdriuwe nei bygelyks Hongerije. Dêr is dizze middei de
formule 1. Foar wat mear aksje soene in oantal buien net misstean.

It reint….blompotten
Yn Grou reinde it freedtenacht blompotten. Dat soks net sûnder risiko is, docht bliken út
dit berjocht(klik
hjir).

In bytsje wetter? Dêr jout Aant neat om…..

Hawwe jim ek noch wat aardige reintips, mail se nei ús. info@vv-sds.nl