Wepperkes -sneon-

Wepperkes -freed-
10 juni 2005
SDS 4 slut seizoen ôf
11 juni 2005

Berjocht fan Kreta
Hjirby wolle wy SDS noch efkes sukses winskje by de Midsimmercup yn Dronryp moarn. Wy hoopje dat sy better waar treffe as foarich jier!!!

Groeten, Willem en Richt.

P.s. Hjir op Kreta is it waar super!! Is it ek in idee as it hjir folgend jier halden wurdt?sukses

Nijs
Ek fanút Kreta krigen wy it berjocht binnen dat dêr wol in tige stiiffêst (hardnekkig) berjocht giet dat Nijlân 1 gjin trainer mear hat. Op versuiteigenover de “sponsorgroep” fan Nijlân, wurdt yndie in nije trainer frege.

Yndieling takem jier
Yn de Ljouwerter Krante stiet de kompetsyje undieling foar takem jier.
SDS treft de folgende tsjinstanners:
BCV – Burgum
CVVB – Bedum
ASV Dronten
Holwierde
HZVV – Hollandse Veld
Noordscheschut
Oranje Nassau (Grins)
PKC 83 (Grins)
SJS ( Stadskanaal)
Staphorst
Viboa (Winsum Gr)

Ek de legere klassen binne yndield. Opfallend is it feit dat Mulier takem jier yn 3B sit, wylst Nijlân en Bolswardia en alle oare ploegen yn de súdwesthoeke yn 3a sitte.

SDS 4 nimt ôfskie
SDS 4 hat justerjûn ôfskie nommen fan twa fan har steunpilaren. De efterhoede wurdt ferswakt troch it ôfskie fan Klaas Molenmaker en de foarhoede sil it dwaan moatte sûnder Eddy de Boer. Letter hjoed of moarn wat foto’s fan dit barren op Skrok.