SDS 4 slut seizoen ôf

Wepperkes -sneon-
11 juni 2005
Wepperkes -snein-
12 juni 2005

It seizoen foar SDS 4 sit er no hielendal op. Foar sommigen sit sels de hiele fuotbalkarriere der op. De feteranen  + Folkert Rients kamen by Jelle op Skrok byelkoar om werom en foarút te sjen.

It feest wie moai ticht by, sadat elkenien (!?) op de fyts komme koe


It wie kâld yn de boat mar de natoerferhalen fan Jelle wie hertferwarmend


Jelle en Roel soargen der efteryn foar dat it gewicht goed ferdield bleau.

Folkert Rients fielde him wer hielendal thús yn de Sebeare. Stoffel fielt him oeral wol thús at er mar bisten yn de buert binne


Om te tiid troch te kommen waard it “Frysk wurdboeke spul “spile. It nivo lei tige heech moast frisiast Aant tajaan. Hjir siket Folkert R. in dreech wurd út.

Oan wurden as flapskutel, gnuuzje, gobberje, núskje, tsjep, gnobbich, piiplampke, kniksel, wypwapsk en kuozzemûzje waarden betiden muoiteleas onderbroekloleftige  betsjuttingen jûn.

Klaas Molenmaker waard goed yn de blommen setten no’t er syn tas mei skuon en trainingspak op solder set hat.


En fansels wiene der blommen foar Eddy de Boer, dy’t ek mient dat stopjen foar him better is.  Ek Jelle mocht de blommen yn ûnfangst nimme foar de gastfrije ûntfangst en ta beslút wiene der loovjende wurden foar Ids Boersma dy’t it hiele seizoen in bealch fol wurk hân hat om alle kearen wer 11 minsken yn it fjild te krijen. Ek dizze jûn hie hy de saak wer prima foarelkoar.

Grutte ôfwêzige wie Ype Tiemersma. Hy wie spitergernôch de hiele wike siik west en fûn it noch net ferantwurde om nei bûten te gean. Sneu foar him, mar leuk foar Elly dat krekt hy de hiele jûn thús sitte moast.

Ek net oanwêzich wiene Bertus Bootsma, Willem Tjalsma en Ype Burggraaff, mar sy hiene wol in goeie reden.