Wepperkes -sneon-

Snie-wepperkes
4 maart 2005
Wepperkes -snein-
6 maart 2005

Ajax-AZ ôflast
In grotte teloarstelling foar de Ajaxfans. Hawwe se in moai dak op de Arena, dus gjin snie op it gers, wurdt it dochs noch ôflast. Efkes sjoen by wat reaksjes yn it lân en it docht bliken dat sommigen it echt net begripe

Hans Kooistra
Hans wol stomme graach te aaisykjen want it fuotbaljen leit dochs stil.Mar dan mar der wol ljippen weze. Bij gebrek oan echte ljippen hat er sels mar ien makke

(ynstjoerd troch Feike Jorritsma)

Op nei de Trije
SDS 1 en SDS2 sitte fan’e middei harren tiid net te fergriemen foar de tv om ts sjen hoe’t Jappanners, Amearikanen, Russen, EastDutsers en Kanadezen titels binnen helje. Sy geane te trainen yn de Trije. Tusken 3 en 5 oere.

Der is hast ien jierdei
Fan de famylje Kruijer út Grinslân krigen wy it folgende berjocht.

Hjirbij wolle wij jimme meidiele dat Sjouke Sjoukema op snein 13 maart 70 jier wurdt. No wolle wij him op ferskillende manieren ferasse en miskien dat der fan de kant fan SDS ek minsken binne dy’t wat oer him kwyt wolle of him lokwinske wolle. Jimme kinne jimme reacties oan ús troch jaan op it folgjende adres: skruijer@home.nl Jimme kinne ynstjoere oant te mei tongersdei 10 maart omdat wij op freed 11 maart al fuort gean nei Itens. Wij sjogge wol wat dêr binnen komt en nimme jimme reaksjes mei nei syn jierdei. Yn’e rin fan de wike fan 14 maart stjoere wij wol efkes wat foto’s fan it feest en de fersiering bij him thús.
Alfêst tank foar de meiwurking.
 
Fam. Kruijer (docher en skoansoan fan Sjoukema)
Hoogezand

Sibe
Karin Sjaarda hat nei djipgeand speurwurk ûntdutsen werom Sibe in oantal moannen net skreaun hat foar de Treffer. It docht bliken dat hy in goeie fraach by de ferkearde persoan steld hat. Tja en dan krije je
sokke reaksjes.

Nijs
Hawwe jim noch wat te melden oer it fuotbal, oer jim sels of oer de sniewille, doch dat dan nei
aanthofstra@planet.nl. Ek winterfoto’s binne noch altiten wolkom.