Snie-wepperkes

He, snieman yn de sinne!
2 maart 2005
Wepperkes -sneon-
5 maart 2005

Ôflast
Foar degene dy ’t gjin tillevysje mei teletekst en gjin krante hawwe melde wy it mar efkes. Foar dit wykein is al it amateurfuotbal ôflast. Dit stie juster op
www.voetbalopzaterdag.nl.
Voor dit weekeinde zijn alle wedstrijden in het amateurvoetbal afgelast. District Noord kwam vanmorgen (donderdag) als eerste met een melding van algehele afgelasting. In de loop van de middag kwam de beslissing af dat alle wedstrijden in het amateurvoetbal, zowel op landelijk niveau als in de districten, voor dit weekeinde uit het programma zijn genomen.

Harsenskuddingkaartsjes
Op de webside fan de KNVB lêzen wy wat oer “harsenskuddingskaartsjes”. Wy nimme oan dat SDS fêst ek sa ‘n kaartsje krigen hat. Mocht dit net sa wêze dan is ús foarstel om dizze kaart troch de KNVB oan SDS “kening fan de kopbal” Jappie Wijnia te oerhandigjen.
Hjir kinne jimme alles oer dizze kaartsjes lêze. SDS sil no wol noait wer sa ’n kopper as Jappie krije.

Kaduuk
De komputer fan ús webmaster docht it noch altiten net. It is te hoopjen dat der it folgende wike wer docht. De SDS-League lit dus noch efkes op him wachtsje. Dirk de Jong sil hjir net rouwich om wêze. Hy bliuwt sa yn elts gefal noch in pear dagen boppe-oan stean. Hawwe jimme wat foar op de SDS-side, mail it dan
hjir of hjir hinne.

Wat no?
Dat er sneon oefene wurdt liket ús net oannimber. De trainer sil echt in alternatyf programma yn elkoar draaie moatte om it spul dochs by elkoar te krijen en wat sinnichs meielkoar te dwaan.  Wat binne de mooglikheden?

  • langlaufe op Skrok
  • sniebalgefjocht by it parkearterrein
  • klaverjasse yn de kantine
  • Willem helpe mei syn kompjoeter
  • it reedriden sjen
  • In potsje pisbalje


Wa’t bettere ideeen hat, kin ús maile. Doch dat mar nei aanthofstra@planet.nl


(Wepperkes mei tank oan Mark en myn wurk)