Wepperkes -snein-

Wepperkes -sneon-
5 maart 2005
Wepperkes -moandei-
6 maart 2005

Begjin aaisykseizoen
Juster lieten wy de foto sjen fan Hans Kooistra dy’t sa graach aaisykje wol.  Yn
Bokwerd begjint it seizoen gewoan op 1 maart. It makket neat út hokker waar it is.

Jeugdsentiment
By sokke winters komme âlde herinneringen werom. Want sokke winters wiene der earder dochs mear? By âlde herinnerinhgs heart âlde muzyk. Spesjaal foar de 50 plussers wat
jeugdsentiment.

In spultsje
By herinneringen werom helje past fansels ek in spultsje.
Memory. Wy krije graach de rekordskore binnen.

Barkrukken
No’t er ferline wike al sondeard is by de kantine, meie wy al fêst  neitinke hoe it mei de ynrjochting fan de nije kantine komme moat. De barkrukken fan no binne prima mar it soe dochs wol wat
útdagender kinne.

Sjoukema 70 jier
Noch efkes in oprop dy’t wy al earder pleatsten:
Hjirbij wolle wij jimme meidiele dat Sjouke Sjoukema op snein 13 maart 70 jier wurdt. No wolle wij him op ferskillende manieren ferasse en miskien dat der fan de kant fan SDS ek minsken binne dy’t wat oer him kwyt wolle of him lokwinske wolle. Jimme kinne jimme reacties oan ús troch jaan op it folgjende adres:
skruijer@home.nl Jimme kinne ynstjoere oant te mei tongersdei 10 maart omdat wij op freed 11 maart al fuort gean nei Itens. Wij sjogge wol wat dêr binnen komt en nimme jimme reaksjes mei nei syn jierdei. Yn’e rin fan de wike fan 14 maart stjoere wij wol efkes wat foto’s fan it feest en de fersiering bij him thús.

Alfêst tank foar de meiwurking

Noch mear nijs

Hawwe jim noch wat te melden, oer fuotbal, snie, reinwetter, útgean en jim wolle dat diele mei in protte oaren. mail dan nei aanthofstra@planet.nl . Ek foto’s binne fan herte wolkom.