Wepperkes sneon 16-1

Weppers freed 15-1
15 januari 2010
Weppers snein 17-1
16 januari 2010

SDS-sealtoernoai
Sneon 23 jannewaris is der wer in SDS-sealtoernoai foar de senioaren en A-junioaren. Dit begjint om 19.00. Eltsenien kin him opjaan by harren leider of fia info@vv-sds.nl.

Traine
De oefenwedstriid fan it twadde tsjin TOP’63  giet net troch.
Der wurdt moarn gewoan traind om healwei twanen.
Gr. Klaas

Traine
Ek SDS 1 traint. En wol om 10.30 oere.

Damje
Stoffel sil hjoed wer omraak slaan tinke wij. Hij docht mei oan de Fyske kampioenskippen Fryskdamjen yn Easterein. De hiele dei lang fan moarn 10 oere oant jûns 7 oere duorret dit festijn. En je kinne der samar efkes binnen rinne, sûnder dat je op teannen troch de seal rinne moatte.

Muzyktip (1)
It Bolwurk yn Snits hat jûn in bysûnder konsert. De groep
Brainbox, in legendaryske groep út de jierren 70 komt optreden. Helaas foar de lette beslissers: it is útferkocht. Mooglik dat de webmaster dy’t alle 70-tiger jierren meimakke hat, snein ferslach útbringt op syn weblog.

Muzyktip (2)
De Fryske Beatles trede op yn it Dielshûs yn Wommels. Wa’t graach Ob la dy en ob la da, Hey Jude of Let it Be mei sjonge wol moat der op tiid bij wêze want it begjint al om om 20.30 oere. Ek Stones fans binne fan herte wolkom.

Muzyktip (3)
Sneintemiddei al wer yn it Bolwurk yn Snits is der in optreden fan
Boys named Sue. En wa’t fan Johnny Cash hâldt moat dêr seker hinne gean, want dit liket en klinkt hiel echt. It begjint dan al om 15.00 oere.

Muzyktip (4)
De rockers fan SDS wolle wy der efkes op wize dat de foarferkeap foar Roekrock 2010 ynmiddels begûn is. Roekrock fynt plak yn Weidum op sneon 6 febrewaris en as wy de promo leauwe moatte dan is it tige de muoite wurdich (sjoch
hjir).

Harsens derby (110)
Dick Schuurman hat de ôfrûne wike nochris drok oan it analyseren west wêrom ’t SDS 1 fjild foarige wike net trochgie nei de finales fan de Midwintercup. Dit is syn konklúsje:
Wij dienen fiersten te moeilijk mei oanfallen oer tig skifen..
Dit is pas effectief!!
Een aanval over 1 schijf en dan “simpel” binnentikken: