Weppers snein 17-1

Wepperkes sneon 16-1
15 januari 2010
Weppers moandei 18-1
18 januari 2010

SDS-sealtoernoai
Sneon 23 jannewaris is der wer in SDS-sealtoernoai foar de senioaren en A-junioaren. Dit begjint om 19.00. Eltsenien kin him opjaan by harren leider of fia
info@vv-sds.nl.

SDS 1 trainingsskema
SDS 1 sil moandeitejûn traine om 19.30. De draafskuon moatte meinaam wurde. Woansdeitejûn sil SDS yn de seal traine fan 21.30 oan ’t 22.30 en tongersdeitejûn sille sy wer te spinnen yn Wommels om 20.00.

Net en wol traind
SDS 1 hat juster traind op it trainingsfjild. SDS 2 soe ek, mar de opkomst wie net al te grut en it fjild waard der ek net better op dat der mar beslúten waard om it ôf te blazen.

Hartwert wint
Stoffel lit ús witte dat Hartwert it wer poerbêst dien hat tidens it kampioenskip Frysk damjen yn Easterein. Sij waarden al wer kampioen. En Stoffel? Hij wûn al syn trije partijen. Sels neamt hij it gelok mar wij hâlde it mear op klasse. Lokwinske Stoffel en oare Hartwert dammers.

Jierdei
Ien fan de webmasters hat hjoed syn jierdei. De oare webmaster lokwinsket him. Dat kinne jim ek dwaaan. Stoer de
lokwinsken.

Brainbox
Justerjûn yn it Bolwurk yn Snits. En ien fan ús seach dêr efkes en seach in hiel soad tiidgenoaten en en in moai
optreden.

Harsens derby (111)
It fuotbaljen giet by Liverpool op it heden net sa best. it synchroondûkeljen des te better: