Wepperkes -sneon-

SDS League: Sybren Wijnia pakt de 1e priis!
3 januari 2008
Wepperkes snein 6-1
5 januari 2008

Rinne en drave en snert ite
Fannemiddei om 14.00 oere wurdt elkenien ferwachte om de earste sportive prestaasje fan 2008 te leverjen. Je kinne hurdrinne of rinne. Nei de tiid is der snert yn de kantine. Wij hope dat wij de útslaggen fan it draven trochkrije en miskien wat foto’s.

De snert waard justerjûn alfêst klearmakke yn grutte pannen.

Net sa heech
Enne Jehannes Bruinsma hat de SDS-froulju net sa heech:
It soe mooi wêze at beide froulju’s teams ek mei drafe oas kom ik as leste oan.
Enne

Midwintercup
Tongersdei spilet SDS 1 fjild yn de foarronde fan de Midwintercup en freed SDS 1 futsal. Klik
hjir foar harren programma.
De rest fan de wike is der ek in aardich programme yn sawol Frentsjer as Heerenveen. Klik
hjir om it hiele programma troch te nimmen.

Adembenemend
Dat is it wurd dat Dirk Yde Sjaarda brûkt at hij oer syn belibbenissen fertelt op 1 jannewaris. Mar der wie ek in tsjinfaller. Sjoch
hjir

Derksen (8)

Immen del meane wie sa’t it skynt in spesjaliteit fan de Vi haadredakteur.

Gokke
As je net gokke op de útslagen fan je eigen fuotbalwedstriden, dan binne je pas in dief fan je eigen beurs(klik
hjir). By dizze is Pieter Lieuwe ek ferdacht……

South-Park
Foar wa ’t him ferfeeld yn de winterstop is dit miskien wol wat(klik
hjir).

Einstân
Wat wurdt de einstân fan de eredivisie? It kin alle kanten noch út. Wy wolle jim freegje om foar 12 jannewaris jim einstân te mailen. Oan it ein fan de kompetysje sjogge wy wa ’t it meast gelyk krigen hat. Wy hawwe dan fêst in pryske foar hannen.
Foar de wissichheid dogge wy der 2 bonusfragen by:

  Einstân eredivisie 2007-2008
1  
2  
3  
4  
5  
6  
7  
8  
9  
10  
11  
12  
13  
14  
15  
16  
17  
18  
Bonusfragen:
*Wa wurdt topskoorder fan de eredivisie?

*Op welk plak eindigt SC Cambuur yn de Earste Divisie? 

Mail jim foarspelling foar sneon 12 jannewaris nei
info@vv-sds.nl!

Letter mear!