SDS League: Sybren Wijnia pakt de 1e priis!

Wepperkes -tongersdei-
3 januari 2008
Wepperkes -sneon-
4 januari 2008

It koe fansels net mear misse. Sybren Wijnia is earste wurden yn de SDS League. Hy liet it yn de lêste 2 wiken wat sitte, mar waard úteinlik noch maklik earste.
Sybren nimt ien op de 1e priis!

De froulju dienen it net gek dizze earste helte. Anna-Marie en Petra Wijnia(Forever Young) wurde 2e, Alise Tanja de Vries(FC Arquen) 5e en Namkje Koudenburg(NK) 6e.
De nûmers 2 liken noch efkes in oanfal te dwaan op de nûmer 1 posysje. Sy pakten mei 68 punten de wykpriis en rûnen sa noch efkes 24 punten yn op de koprinner.

The Butchers fan Lolke Bouma witte ek dizze kear harren slag(t) wer te slaan en pakke kreas it 3e plak.

Harm-Auke Dijkstra hat mei syn PSV Boeruh in prima earste helte draait. Sels wurdt hy 7e yn de League en syn favoriten binne “winterkampioen”.

De Fûgelwacht kin tefreden wêze oer de prestaasjes fan inkelde fûgels yn de SDS League. “Goudhaantje”(Feite de Haan) waard 8e en de “Hylkieten”(Jildert Hylkema) 10e. It gie dit kear wat minder mei Sibe de Seefûgel. Mei “tiid is tiid” eindige hy úteinlik op in 29e plak.

Peppi en Kokki(Tom & Pieter Wijnia) fleinen yn de lêste wike noch efkes toet-toet-boing-boing de top 10 út en eindigje as 14e.

Geert Wilders hat sels ynfloed op de einstân fan de SDS League. Aad de Moskees(Adema) kaam dan ek net fierder dan in 50e plak.

Dizze kear binne der 2 minsken dy ’t yn oanmerking komme foar de poedelpriis. Fansels Pieter Liuwe van der Valk dy ’t fêst ferlet hat fan SDS-handdoeken, want hy wint foar de 2e kear efterelkoar mei oermacht de poedelpriis. Hy wurdt stiif lêst mei mar leafst 86 punten efterstân op de nûmer ien nei lêst, Team Kooistra(Hans).
Ek “No Alves, No Glory”(Frouke Bleeker) kriget in SDS-handdoek. Net om ’t hy foar Tsjom fuotballet, ek net om ’t Alves fuortgiet en ek net om ’t hy by de organisaasje yn de strjitte wennet, mar om ’t der wat ferkeard gien wie mei de puntentelling fan syn team.

Wy witte noch net eksakt wannear ’t de twadde helte fan de SDS League begjint. Dit sil heechstwierskynlik wêze nei ’t de transferperioade west hat. Hâldt dêrfoar de webside yn de gaten.

Hjir noch efkes it prizenjild foar de earste 10:

  Prizen:
1    100,00
2     75,00
3     50,00
4     40,00
5     30,00
6     20,00
7     15,00
8     10,00
9       5,00
10       2,00

Sjoch hjir foar de einstân:
wike 14.