Wepperkes -snein-

Útslagen 17 maart
18 maart 2007
Wepperkes -moandei-
18 maart 2007

Út- en ferslagen
Sjoch foar alle útslagen en ferslagen fan de wedstriden fan juster
hjir. Hawwe jim ek noch in ferslach of oare nijsgjirrige saken te melden mail dit dan nei dizze adressen.

Beurs fuort
Jan Stenekes hat juster syn beurs ferlern, ferjitten, lizze litten, opromme of net meinommen út de kantine. Hy is syn beurs dus kwyt en wol him graach werom. Wa kin him hjir oan helpe? Mail nei
Jan.

Beurs werom
Kom ik wat wurch en katterich (kantine ôfbrekke en Formule 1) fan bêd sjoch ik in beurs op tafel lizzen. Ik tocht dat die fan Tichelmans wie. Is it de beurs (sûnder ynhâld) fan de nije ûnderwizer Stenekes! Hoe die bij ús op tafel belanne is is mij totaal ûndúdlik. Bring straks wol efkes werom.
Freddie

Foto’s
Der binne juster wer in soad foto’s makke by de wedstryd tusken SDS 1 en BCV 1. Klik
hjir foar de foto’s fan Jaring Rispens. Klik hjir foar de foto’s fan Henk Bootsma.

Lappenmand
Ien persoan kinne wy út de lappenmand helje en in oar bliuwt der wierskynlik noch wol in skoftke yn:
Arjan Posthumus hat foarige wike wer traind en hoopt folgende wike sneon wer fuotbalje te kinnen nei lang blesseard west te wêzen oan syn dikke tean.
Hendrik de Jong hat fermoedelijk in blessure oan de meniskus en spilet heechstwierskynlik dit seizoen net mear. Hy rjochtet him no op 24 augustus….

Keeper skoort
It wurdt hast tiid dat Jaap Toering skoren giet by SDS 1. No wie der it wykein alwer in kollega-goalie dy ’t in goal makke. Dit kear wie it de keeper fan Tottenham Hotspur dy ’t fanôf 88(!!) meter in frije traap yn de goal skeat. Wy hiene it filmke noch net te pakken, mar tank sy Sicco Scheltema is it filmke al binnen. Sjoch nei
dit wrâlddoelpunt. Hy hat ek alris earder skoord en dat kinne jim hjir sjen(klik hjir).

De kwoot fan de dei.

Bern kinne soms bysûndere skerpsinnige opmerkingen pleatse. Sa as Pieter, de twa jierrige soan fan Willem en Richt.

Sneontemiddei wie Willem mei soan Tom bij SDS te sjen. Hij kaam troch de nachttsjinst krekt út syn waarme nêst en hie efkes in trainingsjaske oandien. Sa’t jim witte is it hiel opmerklik dat Willem in jas oanhat: It leafst rint er yn de koarte broek en fuotbalsjurt.

Krekt foar de ein fan de wedstryd komt Richt mei soan Pieter oansetten.

Pieter sjocht ris efkes om him hinne, sjocht dan nei syn heit en freget oan syn mem : “Hat heit in jas oan??

 

Teloarstelling
De wedstryd SDS 1 – BCV ferrûn teloarstellend foar SDS. Nei in goeie earste helte mei in pear goeie kânsen waarden se yn de twadde helte ôfstraft op effektiviteit. Nei ôfrin fan de wedstryd  skooden wij efkes oan bij de analistentafel en hearden dêr nei de mieningen fan Oebele van Halst, Freddy Barend, Gerrit Gullit en Durk Derksen.

Sij wiene it opmerklik goed mei elkoar iens: de wiksels bij SDS wiene foar harren te begripen.

Sy opperen dan ek it idee om yn it ferfolch in parsekonferinsje te hâlden om sa trainers de gelegenheid te jaan útlis te jaan. Miskien dat yn de nije kantine der rekken hâlden wurde kin mei in parseopstelling.


Beurs kwyt mar wol in diploma
Jan Stenekes rekke sneontejûn syn beurs kwyt yn de kantine. Dat is tige ferfelend. Der is ek goed nijs oer Jan te fertellen: hij is slagge as ûnderwizer. Fan herte lokwinske  Jan. (wij hope fansels net dat er syn diploma yn de beurs dien hat)

PSV-Ajax
Fanmiddei om 14.30 yn de Jimbar. Mis it net!

Aaipop
No ’t der dit jier op ‘e nij wer net op peaskemoandei(=oer 3 wiken) fuotballe wurdt moatte wy mar wer nei Aaipop. De foarferkeap is juster losgien(klik
hjir).

Moandei mear!