Útslagen 17 maart

Wepperkes -sneon-
16 maart 2007
Wepperkes -snein-
18 maart 2007

Hjir steane alle útslagen fan juster. Ek binne der fan inkelde wedstriden ferslagen. Hawwe jim ek noch in ferslach of oare nijsgjirrige saken te melden mail dit dan nei dizze adressen.

    útslach
14:30 SDS 1  – BCV 1  1-4
12:15 SDS 3 – Berlikum SC 2  0-0
12:45 SDS 5  – TOP’63 3  7-1
10:30 SDS C1 – Hardegarijp C1  1-0
9:00 SDS D1 – CSC D2  5-0
9:00 SDS E2 – Frisia E4  1-8
9:00 SDS E3 – Zeerobben E4  10-1
10:00 SDS E4 – LSC 1890 E5  1-9
10:00 SDS F2 – ONS Sneek F2  1-4
14:30 Knickerbockers The 3 – SDS 2  3-1
14:00 Walde De 3 – SDS 6  0-2
13:00 Sweach De A1 – SDS A1  1-4
12:15 SVM B1 – SDS B1  2-0
9:00 SneekWitZwart D4 – SDS D2  gie net troch
11:15 ONS Sneek D4 – SDS D3  2-6
9:00 Workum E1 – SDS E1  7-2
10:30 GAVC F1 – SDS F1  2-1
9:00 Minnertsga F2 – SDS F3 14-0
9:30 JVC Nylan 2000 F2 – SDS F4  2-0
12:45 LSC 1890 F9 – SDS F5  1-4

Bij de wedstriden

SDS 1 – BCV 1    1-4
In goeie earste helte fan SDS , mar gjin  doelpunten. Fierder as  in bal op de peal fan Tsjipke Klaas en in  hurde frije traap kaam SDS  net. BCV skoorde wol ie n kear.
Yn de twadde helte hie SDS wol mear balbesit mar kânsen : ho mar.
BCV skoorde 0-2. Eril Haitsma skoorde in goeie oanslutingstreffer, mar de oansluting kaam der net echt. BCV kounterde nei in 1-4 oerwinning.
(Klik
hjir foar it wedstrydferslach op de webside fan BCV)

Knickerbockers 3 – SDS 2    3-1
Dizze wichtige pot tsjin nummer lêst waard net wûn. Ien doelpunt fan Stefan fan Krimpen.

SDS 3 – Berlikum 2
It wie en it bleau 0-0. Mei namme yn de earste helte wienen der in soad kansen foar SDS.
Konkurrint Frentsjer wûn mei 5-0 fan IJVC wêrtroch it kampioenskip no liket te gean tusken SDS en Frentsjer. Sy hawwe beide likefolle punten, mar Frentsjer hat ien wedstryd minder spile.

SDS 5 – Top 3     7-1
Lieder Klaas Okkema easket út de lêste 8 wedstriden 20 doelpunten. Tsjin Top 3 waarden de punten maklik binnen helle.
At sels Aant skoort dan seit dat genôch. Oare doelpuntenmakkers wiene Bertus, Ype (3) en Harm Auke (2).

de Wâlde 3 – SDS 6      0-2
SDS 6 helle in prima oerwinning yn Aldegea Gaasterlân. Doelpunten wiene der fan Hjalmer Ruiter en Bas de Haan.

de Sweach A1 – SDS A1  1-4
In reguliere oerwinning fan A1. Doelpunten fan Jelmer Posthumus, Eeltsje Postma en Paul de Boer(2x). Paul de Boer bleaun hjirnei al mei in seare knibbel sitten, mar dêr wie de wille net minder om.

SDS D1 goed op dreef.
Easterein. Nei de tsjinfallende start foarige wike in Burgum wêr’t mei 2 – 0 ferlern waard wie it hjoed saak om de it spul op e rit te krijen.
Auke hie syn spul goed foar elkoar en starte de earste helte mei Christian op e goal. Der wie ôfsprutsen dat wy it leafst foar de wyn beginne soenen.
Dit slagge lokkich genôch. CSC hat fanôf de ôftraap ûnder de druk fan SDS spile. Mei fjouwer knappe froulju in it team hienen wy de broek earst goed fol.
Jan Friso waard ôfdekt troch in famke wer at der de earste helte goed lest fan hie. Dizze famkes spilen ek allegearre in e jeugdseleksje  fan Fryslân.
Lokkich genôch wist SDS in de earste helte troch Jurjen te skoaren en de rêststân op 1 – 0 te krijen. Mei noch de twadde helte in ‘e wyn op te gean wy dit seker net een royale foarsprong.
De twadde helte wie Jesse van der Weide wiksele foar Klaas Bouke Faber. Jos Houtsma stie no op e goal omdat der noch gjin fêste keeper is.
Al gelyk wist SDS de stân op 2 – 0 te setten. Dit kear skoorde Jan Friso syn earste treffer. Der ûntstonne skuorren in de ferdediging fan CSC en al snel waard de stân op 3 – 0 set.
CSC
wist noch foar gefaar te soargjen mar it wie Jos die troch degelik keperwurk de ballen kearde. CSC begon ûnder eagen te sjen dat de in Easterein gjin punten te heljen wienen.
SDS
skoarde noch twa kear dertroch makke Jan Friso syn twadde hattrick dit seizoen. Alle lof wie der foar it team dy hjirtroch sjen litten hie dat der ek moarns betiid goed foutbal op it haadfjild plak fynt.
Wy geane neie wike ferwachtingsfol nei WZS ta.
JZ

SDS E3 – Zeerobben E4: 10-1.
Een positief stukje schrijven is natuurlijk niet zo moeilijk als je 10-1 wint van de jongens en meiden uit Harlingen, maar vandaag hebben we een echt team gezien, met een betrouwbare verdediging: Marthijn, Jesse, Rémon en Stefan. Een hardwerkend middenveld: Jan Fokko en HeZiYao en tot slot een effectieve voorhoede: Maikel, Douwe en Casper. We hebben vandaag een E3 gezien met teamgeest. Een E3 dat leert dat een voetbalveld niet alleen lang is, maar ook breed. Dankzij jullie goede samenspel namen jullie makkelijk afstand van Zeerobben E4. Super gespeeld jongens !
Richard Oukes.

Minnertsga F2 – SDS F3  14 – 0
SDS F3 liep tegen de grootste nederlaag van dit seizoen aan. 14 – 0.
Taak voor de jeugdcommissie om bij de GGD toch eens te vragen of die DTP en BMR prikken ook in de winterstop toegediend kunnen worden.
Of was het toch het vroege tijdstip? Of de harde wind in Minnertsga? Of de verkeerde tactiek van de coach? Ik weet het allemaal even niet meer…
Als halverwege de keeper van de tegenstander ook maar mee gaat voetballen om warm te blijven en de scheidsrechter de wedstrijd verlengt, omdat “Ik het zo leuk vind!”
vliegen de goals je natuurlijk helemaal om de oren.
Stijdvaardige kreet van SDS onder de douche: “Als ze in Easterein komen maken we ze in!”
Kijk daar wordt ik dan wel weer vrolijk van.
Tjerk van de Pol

Letter hjoed miskien noch mear ferslagen!