Wepperkes -moandei-

Wepperkes -snein-
18 maart 2007
Wepperkes -tiisdei-
19 maart 2007

Doelpuntenmakkers
SDS 5 is op dit stuit tige produktyf. Ferline wike 6 doelpunten en no 7. It is dan ek logysk dat de topskoorders fan SDS dêr te finen binne. Sjoch hjir foar
de hiele list.

Op stap
At jim snein gjin spilers fan futsal 2 sjoen hawwe yn de buorren of yn in drinkgelegenheid, dan klopt dat. Want de hearen wiene in dei op stap nei Amsterdam. Hoe kultureel de besite wurden is oan Amsterdam, hoopje wij letter te hearen.

Wedstrydsponser
Jaap van der Velde Klussen- en Handelsbedrijf wie ôfrûne sneon ek wedstrydsponser fan SDS 1 – BCV 1. Hjir noch efkes syn logo:

In oar soarte fan promoasje
 
Ald SDS spiler Sjoerd Hovinga is
oncoloog yn it sikenhûs yn Drachten en hij hopet kommende woansdei te promofearen mei in proefskrift oer de sykte fan Kahler

Freark Smink

Ien fan de earste SDS- Treffer redaksjeleden wie Freark Smink. Hij wenne doe yn Hidaard en wie dêr skoalmaster. Hij hat jierren yn SDS 1 fuotballe. No is hij akteur en kommende tongersdei komt hij nei it Dielshûs yn Wommels omdat hij ien fan spilers is fan it stik Polaroid. It stik skynt tige de muoite wurdich te wêzen. De Treffer redaksje gearkomst wurdt der sels om útsteld.

It lêste feessie
Ek wij hawwe sneon noch wat foto’s makke fan it lêste feest yn de kantine. Sjoch
hjir.

Gjin futsal
It is gjin waar om der út fan ‘e wike. Waar om te sealfuotbaljen dus. Jammer genôch hoefe SDS 1, 2 en 3 allegear net te fuotbaljen fan ‘e wike.

Eddy van Schaick
Eddy van Schaick hat jieren ferlyn jeugdtrainer west by SDS. In skoftke lyn seagen wy him stean yn de krante. Hy wie trainer yn Qatar. Eddy hat ek trainer west by vv Tynje. No ’t sy dit jier 75-jier bestean soenen sy ek graach mei harren âld-trainer yn kontakt komme wolle y.f.m. in reüny. Wa kin harren helpe oan in adres of oars wat fan Eddy van Schaick? Mail it nei info@vv-sds.nl.

Paul Robinson
Keeper Paul Robinson fan Tottenham Hotspur makke it wykein in skitterende goal(sjoch wepperkes -snein-). Dat hy aardich traapje koe wie bekend(klik
hjir). Dochs is hy mei nammen bekend wurde troch dit foarfal(klik hjir).

SDS League
Tiisdei hjir de nijste stân.