Wepperkes -snein-

Wepperkes -sneon-
21 januari 2006
De Skoalleseize sit net stil!
22 januari 2006

Ferlern
SDS A1 hat juster wol oefene. Tsjin wa witte wy net, mar sy binne nei Surhústerfean west om op kuenstgêrs te fuotbaljen. Dit foldie blykber net, want de wedstryd waard mei 4-0 ferlern. Miskien krije wy moarn wol in ferslach fan Marco?

Ferjitten
Op de jierdeiskalinder fan dizze webside kinne jim noch net de jierdeis fine fan bestjoersleden of leden fan de Trefferredaksje dy ’t gjin spyljend lid binne fan SDS. Sa is de jierdei fan Metsje Huitema ús hielendal troch it sin sketten. Sy wie ôfrûne freed jierdei. Fan herte lokwinske! Om it dochs noch in bytsje goed te meitsjen hoopje wy dat der in soad binne dy ’t har noch efkes felisitere(klik hjir).

Hieperdepiep,….Hoeraaaaaaaaaa!!

SDS League
As alles meisit dan kinne jim hjir moarn de nije formulieren fine foar de twadde helte fan de SDS League. De formulieren moatte ynlevere wurde foar snein 5 febrewaris sadat wy snel wer los kinne. Wy hoopje op in soad nije dielnimmers.

De Skoalleseize
De Skoalleseize sit net stil. Wat sy sa dan al dogge dat kinne jim hjir fanmiddei lêze.

Supercup
Yn Leek is justerjûn om de Supercup spile. Dit giet om it “Noordelijk Futsalkampioenschap van de Winter-toernooien”. Heerenveen wûn dit troch yn de finale fan BV Veendam 2 te winnen. Drs. Vijfje rikte oan ’t de lêste 4 en waard troch Heerenveen útskeakele nei penaltys. Op de webside fan Drs. Vijfje kinne jim der mear oer lêze. 

Fertraging
SDS 1 is justermoarn nei Grins ta setten. Alles like goed regele oan ’t sy yn Wommels mear as in oere by de bushalte stienen te wachtsjen. De bus wie kapot. In oere letter koe der pas ynstapt wurde.

Hjirmei hie it in helse rit wurden nei Grins….

Karten
Yn Grins is der juster karten troch de mannen fan SDS 1. Op it net koenen wy al wat foto’s fine fan it gebeuren.

Anne start yn pole-position mei efter him Robert, Feite, Tsjipke, Skelte en Jacob-Klaas.

Skelte stie al gau wer yn ‘e pits. 

De mannen hienen de gang der aardich yn.


Hawwe jim noch nijs? Mail it nei info@vv-sds.nl.

Letter mear!