Wepperkes -snein-

Wepperkes -sneon-
26 november 2005
Wepperkes -moandei-
27 november 2005

Hea
Alle wurkdagen is dit koarte, nijsgjirrige programma op omrop Fryslân te sjen. Sa ek moandei 28 novimber om 19.15, 21.15, 23.15. Dêryn is te sjen in reportaazje út de Igge yn Wommels en it giet oer tutsje.nl. De opnames binne sneontejûn makke en wij binne fansels benijd nei de jeugdige tútsjende SDS-er.

SDS-ers aktyf op slachterin
 
Ek dit jier wiene der wer wat (âld) bekinden op de slachterin.  Wytze Jonker jout it paad oan op de fyts, Henk Ruiter komt as 5de Wommels wer binnen, Popko Wijnia sette in krease 51 minuten race del, Pyt de Jong fielde de hite adem fan Harry Strubbe, Tjeerd Fopma hie nije skuon oan en Harry Strubbe kaam dochs noch tagelyk mei Pyt oer de finisj.

Nei Diepenmaat Sport
Degenen dy ’t moandeitejûn nei Diepenmaat Sport yn Ljouwert geane om sportattributen te keapjen fertrekke om 18.30 oere by it fuotbalfjild yn Easterein wei.

Metzstyle
Redaksjelid Metsje Huitema iepent op 6 desimber har nije kappersaak yn Wommels. Op 3 desimber is der fanôf 16.00 oere middeis iepen hûs.

Nije Treffer
De nije Treffer komt mei oerdel wike wer út. Dat betekent dat de minsken dy noch in stikje hawwe dat yn de nije Treffer moat dit ynleverje moatte foar tiisdei 29 novimber. It stikje kin nei it folgende adres:
DeTreffer@vv-sds.nl.

Freed 25 novimber 2005
Dochs wol in dei mei in swarte râne. Keatsstjêr Hotze Schuil ferstjerd op 81 jierrige leeftyd en “it idoal” fan 2de alvetal fuotballer Willem , George
Best ferstoar. Op in fraach hoe’t it mei him gie krigen wij in dúdlik antwurd:


2 nije spilers
Welke 2 spilers hat SDS 1 der nei de winterstop by? Dizze suggestjes krigen wy binnen:
*Twa nije spilers, beskikbaar ein fan it jier….   Groetnis
Johan Feddema v.v. ONT.



*
Ik tink de 2 grieken fan Ajax, Charisteas en Anastasiou, omdat Huntelaar nei Amsterdam gjit.
groeten Ozzy
training040205_spitsen

Hawwe jim noch nijs?
Mail it ús.