Wepperkes -sneon-

Seleksjes 2,4,5 en A1 foar sneon.
25 november 2005
Wepperkes -snein-
26 november 2005

SDS 3 – Makkum 2
SDS 3 hat revansj nommen foar de groue nederlaach yn Makkum. Mei 2-1 waard thús wûn. Doelpunten wiene der fan Jeroen Wagenaar (in streep) en Albert Jan Joustra (ynkopperke) Wij binne foaral benijd nei it ferslach fan it twadde doelpunt.

SDS 5 – Oeverzwaluwen 4
Ut hie SDS 5 noch dik ferlern, no waard it mar 0-2. In oantal A 2 spilers diene ek noch mei neidat se ek al earder fuotballe hiene.

SDS A 2 – CSL A2
Mei doelpunten fan Ids Jumbo de Boer en Andries Jumbo Lanting waard mei 2-1 wûn fan CSL.

SDS D 1 – Leeuwarden D1
D1 sleepte der yn de lêste minút noch in gelykspul út. 3-3 wie de einstân.

Renado/VVI C1 – SDS C2
In kânsleaze 10-0 nederlaach.

Oflast
It like ynearsten wol aardich mei de fjilden yn Easterein. Alles soe troch gean, wie om 10 oere moarns de ferwachting. It waard oars doe’t om 12 oere de balâns opmakke waard. “mei in buoi en wat snie giet it fjild der oan”, wie de konkluuzje fan de fjildmaster. Hij joech it adfys de wedstriden fan 14.30 oere net troch gean te litten. En sa barde it dus.

Trienus te Jong
Hij mocht net mei syn ploech SDS 4 dwaan foar de beker omdat hij te jong wie. SDS 5 hierde him yn en sa koe hij dochs noch efkes it fjild yn.

Lyts
Bij Makkum 2 kaam yn de twadde helte wol in hiel lyts mantsje binnen de linen. “Wij sjogge hast net iens” wie in opmerking fan in taskôger. Opmerklik at je witte dat dy taskôger Geert Dijkstra wie, de heit fan Harm Auke, dy’t dochs ek net ien fan de grutsten is.

Werom yn it fjild

Nei lang blessurelijen is Durk de Jong werom op it fjild. Hjoed die hij mei SDS 3 in helte mei.

Hawwe jim noch nijs?
Mail it ús.