Wepperkes -moandei-

Wepperkes -snein-
26 november 2005
Wepperkes -tiisdei-
29 november 2005

Doelpunten
Ofrûne sneon binne der mar twa doelpunten skoord by de sneioaren. Allinne bij SDS 3 wisten se it net te finen. Yn de top fan de doelpuntenmakkers feroaret dus neat. Ype Tiemersma bliuwt koprinner op de hielen sitten troch Wichard Deinum. Sjoch bij senioren.

SDS 3 wint fan Makkum
Remco Bervoets is dizze kear yn de pen klommen om ferslach te dwaan. Hij hat oer in dwarrelbal en hij biedt syn eksuses oan. Sjoch hjir foar
syn ferslach.

Feest yn Kûbaard
Mocht SDS 1 dit seizoen al noch kampioen wurde dan witte wy wêr it kampioenskip hâlden wurdt. Ek kostet it de feriening fierder neat. Dit boerd stiet namelijk Tsjeard Halbersma yn ‘e tún:


Alfêst fan herte lokwinske mei dyn 22e jierdei, Tsjeard!
(Tsjeard is moarn jierdei)

Net skriuwe
Klaas Pompstra mei graach skriuwe. Foar de keatsklup of foar syn C1 alvetal. Ek at se net spylje krije wol in berjochtje:
De twadde sneon dat in wedstriid fan C1 ôflast waard. Beide kearen wie dat op freed al bekend. Foarige wike net nei Harns, want hja hienen beestjes yn it wetter. En hjoed net nei Makkum, want hja ha skynber mar 1 fjild no? Dat we wachtsje kommend wykein mar wer of. Foar ien spiler kaam it wol goed út dat it ôflast waard. Dizze spiler knoffele tongersdei krekt foar iten fan de trep en skansearre syn dikke tean. Op de foto’s fan it sikehûs wie neat te sjen, ja wol wat te sjen, mar neat dat stikken wie. Dus in grouwe blauwe dikke kniesde tean en rest hâlde. Oh ja, de trep stiet op de Singel 14
.

“Poule des doods”
Kommende tongersdei ferwachtsje wij jim allegear om 21.30 oere yn de kantine. Want dan is de twadde foarronde fan de fuotbalkenniskwis.Op dizze jûn hawwe wij de “poule des doods”, want Jappie, Willem en Durk binne gewoan titelkandidaten. Ek at it trainen net troch giet: de kwis giet wol troch.

George Best 1946-2005
Juster in grut applaus, foar de wedstriid fan Manchester United tsjin West Ham, foar George Best dy ’t freed kaam te ferstjerren. Klik hjir foar syn libbensferhaal.