Wepperkes -snein-

Minne dei foar senioren
24 september 2005
Hokker teanen hat Dennis brutsen?
26 september 2005

Doelpuntenmakkers
Wer in minimale skore mei mar 7 doelpunten. Gearard Poshumus en Willem Veenstra steane beide op4 doelpunten. De komplete list stiet bij senioren. 

D2 op foto
De mannen en froulju fan D2 binne sneon ek op de foto kommen. De foto’s steane bij junioren D2. Wij hawwe lykwols wat help nedich om der efter te kommen wa’t wa no is. Wa mailt ús de nammen yn de goeie folchoarder?

C1
Net in goed berjocht….C1 hat de derby yn en tsjin Nylân C1 ferlern (5-3). Goals fan Andries (2) en Arjen (oanfal út it boekje oer mar 4 skiven). Harm Jan sjit út, Kristian passt djip op Andries, Andries komt efter de bal en set strak foar en Arjen tikket de bal binnenkant foet der yn. 
Terjochte? No, einliks net, mar dan moatte hja sels wol goals meitsje.
Untank it missen fan de lêste man en foarstopper ha de oaren it goed oppakt.
In moaie striid mei alles der op en der oan.  It komplete ferslach

Alvetalfoto
Ek A1 is op de foto kommen. Mei tank oan Meinte  hawwe wij der wer in moaie foto bij. Spitich dat se net winne koene fan Nijlân. (2-3)

Mear alvetalfoto’s
De kommende wike kinne jim wer hiel wat foto’s fan jeugdleden ferwachtsje op dizze side. Mei wat ekstra inset hoopje wij oer twa wiken alle leden op foto te hawwen.

D3 skoort
Nei twa wedstriden mei monsterskoares (20-0 en 19-0 ferlies) slagge it D3 om sneon te skoaren tsjin Easterlittens. De einstân wie 1-6. Wij binne fansels benijd wa’t it doelpunt skoorde.
Mail it ús

Jonges jimme hawwe gelyk, mar…….
Forige wike spile SDS 3 tsjin Frentsjer mei as skiedsrjochter de ús allegear bekende Age Tigchelaar. Yn de twadde helte soarge hy foar in memorabel momint. Gerlof Veldstra gie foar SDS 3 hielendal allinnich as in spear mei de bal op de keeper fan Frentsjer ôf doe ’t hy ûnderút helle waard troch in Frentsjerter. De SDS ‘ers ropten(??) om in reade kaart en krigen as reaksje fan Age; “jonges jimme hawwe hielendal gelyk mar ik geef …………..geel”.

Letter mear!