Minne dei foar senioren

Utslaggen 24 septimber
24 september 2005
Wepperkes -snein-
24 september 2005

SDS 1- PKC ’83 1
SDS kaam der op ‘nij net oan te pas. Sy spilen ek no wer tsjin in tsjinstanner dy ’t dúdlik in maatsje te grut is. SDS ferlear terjochte mei 3-0. De grutte man by PKC, Karakaya, makke alwer 2 goals. SDS kaam yn de hiele wedstriid ta ien kans. It wie Dirk-Yde dy ’t yn de twadde helte nei in knappe aksje op de keeper skeat.
Kommende sneon moat SDS thús tsjin Viboa. Viboa stiet op 2 punten en liket in konkurint te wurden ûnderryn.Sneon sil alles op alles moatte om yn elts gefal sjen te litten dat SDS gjin lachertje wurdt yn de 1e Klasse. 

SDS 2- Knickerbockers 2
SDS 2 hie net folle yn te bringen tsjin de Grinser studinten. Troch blessures moast der in soad omsetten wurde en dat kaam it spul net ten goede. SDS 2 hie foarkomme kinnen as de skiedsrjochter wat better de spulregels wist. Hy fluite doe ’t Willem nei in fiere doelskop fan Marten de bal krige en allinne op ‘ goal ôfgie foar bûtenspul. Doe ’t hy der op wezen waard dat dit net kin nei in doeltraap joech hy syn fout ta mar krigen de Grinsers al gewoan in frije traap.
SDS 2 stie by de rêst mei 1-0 efter nei in penalty. Dennis foel foar de rêst út mei 2 brutsen teanen. Neidat de Knickerbockers yn de 2e helte op 2-0 kamen sette SDS alles op alles. Sy krigen kansen op 2-1 mar de bal woe der net yn. De studintsjes makken de 3-0 en 4-0 en úteinlik moast SDS ek noch bliid wêze dat de útslach net heger útfoel.
SDS 2 moat sneon thús tsjin HZVV 2.

SDS 4- Stormvogels 1
SDS 4 liket sa stadich oan de “ideale” miks fan jong en âld. 4-1 wie de einstân en de doelpuntenmakkers wiene jong (Hjalmar Ruiter) en âld (Roel Sijbesma) Beide skoorden twa kear.

SDS 5-Frentsjer 5:
Yn de earste helte stie it net goed, dat in rêststân fan 0-3 wie dan ek net frjemd. It waard nei it skoft noch spannend ek.
Douwe Kool, Willem Feenstra

en Gearard Posthumus
skoorden, sadat der noch fan alles mooglik wie. It waard úteinlik 3-5
Geert Poeze stoppe hast in strafskop!