Hokker teanen hat Dennis brutsen?

Wepperkes -snein-
24 september 2005
Wepperkes -moandei-
26 september 2005

Dennis Dijkstra bruts sneon yn de wedstriid tsjin Knickerbockers 2 teanen. Hy botste wat ûngelokkich mei in tsjinstanner en koe net fierder fuotbalje. Lokkich genôch wienen Gerrit Terpstra en Durk Okkema op it fjild yn Grins en koenen sy mei Dennis nei it sikehûs ride. Dêr waarden foto’s makke en waard de foet yn it gips setten. Hy siet sneontemiddei dan ek moai mei de poat omheech yn de kantine. No is allinnich noch net dúdlik welke 2 teanen brutsen binne. De hiele foet sit yn it gips. Wa kin ús helpe? Lokkich genôch hat Durk de röntgenfoto’s op de kop tikje kinnen en hawwe wy hjir de primeur.

Welke 2 teanen hat Dennis brutsen? Mail jim antwurd nei info@vv-sds.nl.