Evenementen in december 2022

Wepperkes -freed-
27 mei 2005
Fotoferslach út Erica!
30 mei 2005

SDS 2 pakt de lytste beker
SDS 2 is juster 4e wurden yn Erica. 2 kear spilen sy lyk(tsjin Wolvega en Germanicus) en ferlearen nei pingels. Mei de 4e priis mochten sy de lytste beker yn ûntfangst nimme. Wolvega waard úteinliks 1e.
It feest wie der net minder om en it wie dan ek tige gesellich yn de bus en letter yn Kafé Bergsma mar dat sil eltsenien wol heard hawwe. Moarn in útgebreid fotoferslach hjir op ús webside.

Dizze minsken hawwe allegear in ûnferjitlike dei hân.

LC- Coach
Ek de Ljouwerter hie in wedstryd om te bepalen wa’t in goeie koach wêze kin. Der wiene by dat systeem wat mear mooglikheden, omdat je ek wikselje koene. Der diene rom 4000 dielnimmer mei. Beste Wommelser wie de ús tige bekinde Markie. Hy einige op it 205-de plak. In goeie prestaasje. Hy die it dus al wat better dan yn de SDS League. Dêr waard hy ien nei lêst.

Ek yn Easterein wiene der meardere dielnimmers: Peter wie de beste mar hy einige pas op it 2484 ste plakje

Nije CD
Yn 1997 spile Sytze van der Werf fan Kûbaard mei yn de revue fan SDS 50 jier. Hy song doe in oantal prachtige lieten. Justerjûn yn Kûbaard presintearde hy syn earste CD “ljocht en skaad”. It earste eksimplaar waard oanbean oan syn goeie freon en ynspirator Doede Bleeker fan Starum. (Anna-Marie tige tank foar de foto)


Krânsen
Al fêst mar in oprop oan alle keatsers. Ek dit jier geane wy wer in klassemint byhâlden fan de kransen oan de muorre. Dus de krânsen net gelyk fuortsmite. Per húshâlding kinne jim meidwaan. Jim kinne ús tippe at it oantal kransen boppe de 5 is.
info@vv-sds.nl.

Klaas op paad.
Klaas Pompstra hie it juster mar drok. Hjir syn ferslach:
Earst fanemoarn nei it keatsfjild yn Tsjom mei Jelien. Mie yn de efterholle dat hjoed Nijlân tsjin Balk moast foar de neikompetysje.
Yn Tsjom wienen we 13.00 oere klear. Doe noch efkes nei Achlum. Der keatste Anke Marije. Noch trije slaggen sjoen en doe wie hja der ek ôf. Dat gau nei hûs en daliks wer fuort nei Nijlân. Krekt op tiid. Oan de sydline stienen Tseard Idsinga, Klaas de Haan, Jan de Jong en ik sels en letter kaam Roel Sybesma der ek noch by. Doe ik it fjild opkaam seach ik efkes nei boppe, nei it nije terras fan v.v. Nijlân. Der stie Harry Bonnema en hy noege my út om yn de rêst efkes in bakje kofje te heljen yn de nije bestjoerskeamer. We stienen noch mar krekt te sjen op it fjild as it wie al 0-1. Keeper Marten van der Kamp glyd út en de spits fan Balk koe de bal yntikje. Nijlân skrok mar begûn net better te fuotbaljen. Mei Ate Feike skorst ek in oare ferdigening.
Balk hie de earste helte it bettere fan it spul. Wat frisser en Nijlân spile har eigen spultsje. Ôfwachtsje en gokke op de ienichste spits foaryn, Douwe Posthuma. Hy krige ien knappe kâns mar skeat te seft en neist.
Yn de rêst dus nei boppe. Nijlân hat nei wol 15 jier ‘seuren’ en behelpen no einliks krigen wer se rjocht op ha. In prachtich nije oanbou by “De Mande”. In eigen moaie romme bestjoerskeamer, keamerke foar de kompjoeter en twa gloednije romme boksen. In twadde klasser weardich (as dat mar slagget yn de 2e helte en folgende wike út tsjin Balk)! It wie moai om al myn ‘fuotbalmaten’ en supporters fan Nijlân wer efkes te sjen en mei te fûstkjen.
Ik ha der dan ek in lytse 10 jier omspaant en meinammen oparbeide mei de Bonnema’s.
De 2e helte hie Nijlân foar de wyn, mar dat helpt allinnich by it fytsen as silen. It holp Nijlân net safolle. Hja koenen al mear druk sette nei de goal fan Balk, mar moasten nei in prachtige frije traap fan Balk dochs belies jaan. Mei 0-2 wie ek de einstân berikke. Dat wurd noch in hiele klus foar Nijlân. Tiisdei moat Nijlân nei Balk ta.
Foarich jier koenen hja hast yn de 1e klasse komme, wylst men no stride moat foar behâld fan de 2e klasse.
Wol mei we noch efkes melde dat de B-junioaren haadklasse spylje en de A-junioaren hjoed yn Sûdlaren wienen om der haadklasse ôf te dwingen.
Groetnis,
Klaas

Letter hjoed mear!!