Wepperkes -freed-

De seleksje fan SDS 2 nei Erica
27 mei 2005
Wepperkes -snein-
27 mei 2005

Tarina Veenje
Tarina Veenje fan SDS D2 hat aardich siik west. Lokkich genôch is sy no wer wat oan de betterende hân. Sy leit noch al yn it sikehûs fan Snits. It soe aardich wêze as eltsenien har efkes in kaartsje stjoere soe. Dit is it adres:
Antonius sikehûs, kinderafdeling t.a.v. Tarina Veenje
Bolswarderbaan 1
8601 ZK Snits


Wa giet mei SDS 2 nei Erica?
De bus fertrekt moarn om 9.45 oere. Der binne noch inkelde plakken frij. Je kinne je noch altiten opjaan by:
*Klaas Okkema 0515-332221 of
*Willem Overal 0515-333486

Wa hâlde der op?
Sa oan it ein fan it seizoen binne der jammer genôch altiten wer fuotballers dy ’t der mei stopje. Wichard Deinum stoppet by SDS 1 mar giet fierder yn SDS 3. Kees Adema stoppet der hielendal mei. Hy kin it fuotbaljen net goed kombinearje mei syn stúdzje yn Grins. Donny Okkema hâldt der ek mei op. Hy sit yn elts gefal oan ’t it ein fan dit jier yn Denemarken. Om no elts wykein werom te kommen om te fuotbaljen giet him wat te gek. Donny hat ús al(fia syn mem) witte dat hy it fuotbaljen al ferskriklik mist.

Nuver
As webmaster hawwe je gjin idee wa as der allegear op de webside sjogge. Dat sy ús yn Den Haag ek al yn ‘e gaten hâlde wie ús dan ek net bekend. Dit wienen justermoarn inkelde besikers:
1. 26 mei 08:21 Ministerie van Defensie, Den Haag, Nederland 
2. 26 mei 08:21 Internet Online BV, Nederland 
3. 26 mei 08:22 Gemeente Sneek, Sneek, Nederland 
4. 26 mei 08:22 Tauw B.V., Deventer, Nederland 
5. 26 mei 08:27 Planet Internet, Nederland


Miskien letter mear?
Mail jim nijs nei
info@vv-sds.nl!